In kapitteltsjerke, kollegiale tsjerke of in stifttsjerke is in roomsk-katolike tsjerke dêr't in kapittel fan sekuliere kannuniken oan ferbûn is. Dat wol sizze dat dy net oan in kleasteroarder ferbûn is.

Lebuïnustjerke yn Dimter
Kollegiale tsjerke fan Santa Maria del Campo yn A Coruña (Galysje)
Sint-Lambertustsjerke yn Aldenburch

Skaaimerken bewurkje seksje

In kapitteltsjerke ferskilt fan in net-kollegiale karspeltsjerke boukundich sjoen trochdat der sitplakken foar de kanunniken yn it preesterkoer fan de tsjerke reservearre wêze moatte. By gruttere kapittels wol60 of 70. In kapitteltsjerke hat dêrom, kreksa as in kleastertsjerke almeast in rom preesterkoer, dêr't oan wjerskanten plak is foar koerstuollen. Om't de measte kapitteltsjerken yn it ferline as biskopstjerke, karspelstjerke of beafeartstjerke funksjonearren is it tsjerkeskip ornaris grutter as by in kleastertsjerke. Wylst kleastertsjerken ynearsten gjin tsjerketoer/-tuorren hawwe mochten, hawwe kapitteltsjerken dy ornaris wol. Gauris waarden de kannuniken yn de kapitteltsjerke begroeven; yn guon gefallen allinnich proasten. Bytiden is yn it tsjerkegebou in kapittelseal oanwêzich, en bytiden earne oars.

Om de kapitteltsjerke hinne kinne kanunnikehûzen, in proasdygebou, in gasthûs, in brouwerij, foarriedskuorren en bûthûzen fan it kapittel fûn wurde. Guon grutte kapittels koene it tastean dat njonken de kapitteltsjerke in aparte doop- of karspeltsjerke te bouwen. Sokke "tsjerketwillingen" binne benammen yn Dútslân te finen, en it Vrijthof yn Maastricht is in foarbyld.

Skiednis bewurkje seksje

Yn de midsiuwen wie in kapittel in machtige ynstelling dy't njonken de kapitteltsjerke ek oare tsjerkegebouwen, lânguod, en bytiden hiele doarpen bestjoerden. De kannuniken fan in kapittel hoechden net altyd geastliken te wêzen.

Guon tsjerken hawwe mar foar in koart skoftke in kapitteltsjerke west, trochdat it wrâldlik kapittel nei ferrin fan tiid omset waard yn in geastlik kapittel of yn in abdij of kleaster. De tsjerke waard dan net langer oantsjut as kapitteltsjerke.

De measte kapittels waarden yn de sechtjinde iuw, by de Reformaasje, of yn de Frânske tiid opheft. Guon kapitteltsjerken waarden sels ôfbrutsen, mar de measte giene nei in tiidrek fan leechstean fierder as protestantsk tsjerkegebou, karspeltsjerke of katedraal. Yn guon gefallen waard it kapittel, nei it fuortgean fan de Frânsen, fannijs oprjochte.

Kapitteltsjerken yn Fryslân bewurkje seksje

Guon kapiteltsjerken bûten Fryslân (karút) bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch Bronnen, noten en/of referenties op nl:Kapittelkerk