Kapri Styles, wiere namme: Nadia Annette Walker (Atlanta, 27 novimber 1981) is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, dy't benammen bekend stiet om har grouwe stuten. Yn it begjin fan har karriêre hat hja ek wol wurke ûnder de artystenammen Kapri, Capri of Capre, wylst har úteinlik skûlnamme ek wol misstavere wurdt as Capri Styles. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 56 kg.

Kapri Styles
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Capri Styles, Kapri, Capri, Capre
echte namme Nadia Annette Walker
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 novimber 1981
berteplak Atlanta (Georgia)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20052013
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Styles waard yn 1981 berne yn Atlanta, yn 'e steat Georgia. Se makke se har debút yn in pornografyske film yn 2005, doe't se 24 jier wie. Styles wist al rillegau in beskate populariteit te winnen, wat hja fral te tankjen hie oan har grouwe stuten, of sa't soks yn Amerikaansk-Ingelske strjittaal neamd wurdt: har ghetto booty. Dy falt nammenste mear op troch har lichte lichemsbou, mei in smelle mul. Hja hat op eltse stút in tatoeaazje fan in Sineesk karakter sette litten: lofts "wolfeart" en rjochts "út 'e skroeven" of "hearlik". Wat har boarsten oangiet, hie Stiles oarspronklik kupmaat 32AA, foar't se yn 2009 in boarstfergruttingsoperaasje ûndergie en ymplantaten krige.

De films dêr't Stiles yn spilet, hingje sterk oer nei it stutefetisjisme, al hat se ek in stikmannich ynterrasiale sênes dien. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt har yntrede yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, yn 2005, yn likernôch 180 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Hustler Video, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Evil Angel, Anabolic Video, Devil's Film, VCA Pictures, Digital Sin, Diabolic Video en Adam & Eve, mar ek wol foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Platinum X Pictures, Black Ice en Seymore Butts Home Movies. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Reality Kings en Porn.com.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre meast ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: