Karakallou-kleaster

It Karakallou-kleaster (Gryksk: Μονή Καρακάλλου) is in eastersk-otterdoksk kleaster op it súdeastlike diel fan de Berch Atos yn Grikelân. It is it alfte kleaster yn de rang fan de kleaster op it skiereilân.

Karakallou-kleaster

Μονή Καρακάλλου

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
offisjele webside
inathos.gr

Skiednis bewurkje seksje

Nei alle gedachten is it kleaster yn de 11e iuw stifte troch de muonts Karakalas. Nei oerfallen fan piraten rekke it kleaster yn de 13e iuw ferlitten. De Byzantynske keizers Andronikos II en Jehannes V holpen it kleaster mei de patriarch fan Konstantinopel Atanasius wer op gong. Yn de 16e iuw moast it kleaster nei oerfallen op 'e nij opboud wurde. Yn dy twadde boufase waarden âlde gebouwen renovearre en nije gebouwen tafoege. Op in grutte brân yn 1875 folge de rekonstruksje fan in grut part fan it kleaster.

It kleaster spile in foaroansteande rol by de befrijing fan de Turkske besetting.

De katolikon fan it kleaster is wijd oan de apostels Petrus en Paulus en datearret út de 16e iuw. It refektoarium is in rekonstruksje fan nei de brân yn 1875. De klokketoer fan it kleaster is de heechste fan alle Atos-kleasters.

Under de reliken fan it kleaster binne in fragmint fan it Wiere Krús, de holleplasse fan de apostel Bartoloméus en fan Sint-Kristoffel. Yn de bibleteek wurde 279 manuskripten en likernôch 2500 printe boeken bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Karakallou Monastery