Karel Martel (sa. 688 - 22 oktober 741) wie hofmeier fan it Frankyske ryk. Syn bynamme Martel betsjut Hammer dat weromslaat op syn brutale oanpak en neat te dwaan hat mei marteljen.

Karel Martel yn gefjocht by Poitiers

Skiednis bewurkje seksje

Karel Martel waard berne yn Herstal yn it tsjinwurdige Walloanje, yn Belgje. Hy wie in oerwinneling fan Pippyn II by syn concubine Alpaida. Hy koe him tsjin syn jongere healbruorren oer, de rjuchtmjittige erfgenamten fan Pippyn II, trochsette en waard sa de stamheit fan de Karolingers.

Karel Martel is it ferneamdst fanwege syn oerwinning yn de Slach by Poitiers yn 732, dy't troch in protte skiedkundigen sjoen waard as de "rêding fan Jeropa op de Arabieren". Martels Frankyske leger fersloech in Arabysk leger, wêrfan in lettere skriuwers oannimme dat it de Islam ferspriede woe. Alhoewol't de Arabieren Jeropa net hielendal oermasterje koenen, slaggen sy der wol yn it Ibearyske Skiereilân en in grut part fan Súd-Frankryk te besetten. It soe noch twa generaasjes duorje soe ear't de Arabieren tebek twongen waarden oer de Pyreneeën, mar dizze oerwinning die de kânsen fan de Arabieren kearen yn it foardiel fan de Franken.

Wêr't de skiedkundigen it al oer iens binne is dat dizze slach foar Karel Martel de ferieniging fan it Frankyske ryk mooglik makke.

Yn it folgjende desennium late Karel it Frankyske leger tsjin de eastlike hartochdommen Beieren en Allemaanje, en tsjin de súdlike hartochdommen Akwitaanje en Provence en makke in ein oan harren selsstannigens. Hy wie súksesfol tsjin de Friezen yn 734 want troch harren kening Poppo te ferslaan yn de slach oan de Boarn makke hy in ein oan it doetiids machtige Fryske ryk. Mei syn leger luts hy ek op tsjin de Saksen mar wie tsjin harren matich suksesfol, de folsleine oerwinning op de Saksen soe helle wurde troch syn pakesizzer Karel de Grutte.

Karel Martel stoar op 22 oktober 741 yn Kwierzy, yn it hjoeddeiske departemint Aisne (Frankryk). Hy leit noch altiten begroeven yn de Saint-Denis-basilyk by Parys.

 
De grêftombe fan Karel Martel, yn de Saint-Denisbasilyk.