Karelsprivileezje

It Karelsprivileezje is in falske oarkonde út om 1300 hinne. Karel de Grutte betanket de Friezen yn dat Karelsprivileezje foar harren help by de ynname fan Rome, dat beset wie troch opstannige boargers dy't de paus finzen holden.

De foarrjochten dy't Karel oan de Friezen ferliend hawwe soe, wurde regele yn Fryske juridyske teksten en kroniken. Se leauden dat it privileezje de basis foar de saneamde Fryske frijheid (Libertas Frisonica) foarmje soe. It stik wie in útwurking fan in eardere tekst út de 13e iuw, de saneamde Magnuskêsten. Yn it Latyn wurde dy ûnderstelde privileezjes wol as Previlegii Frisiorum Caroli Magni karakterisearre.

Skiednis bewurkje seksje

Hjoed-de-dei wurdt oannommen dat it orizjinele privileezje in ferfalsking wie, itjinge yn dy tiid wol faker dien waard. It waard doe yn guon gefallen as autentyk sjoen. Bekend is it befêstigjen en erkennen fan de privileezjes fan de troch keizer Karel ferliende privileezjes, dy't de lettere keizer Koenraad II oan de stêd Starum jûn hawwe soe. Net allinnich it orizjineel út 1039 dêr't nei ferwiisd wurdt, dochs ek it befêstigjen dêrfan yn 1108 troch keizer Hindrik V en paus Paschalis II wie in ferfalsking.[1]

De taseine Frijheid waard lykwols dochs troch de Roomsk-kening Willem II befêstige yn 1248. Acht jier letter kaam er om by in ynfal yn West-Fryslân.

Fryske ôffurdigen koene keizer Sigismund yn 1417 oerhelje en befêstigje it Karelsprivileezje yn ruil foar politike stipe. Dy lêste oarkonde waard mank mei in ûntwerpprivileezje út 1479, dat iuwenlang yn it Geldersk Argyf bewarre waard, ûntdutsen troch histoarikus Oebele Vries. Sûnt 1998 binne dy oarkonden oerdroegen oan Tresoar yn Ljouwert. Op 28 septimber 2017, 600 jier nei't it privileezje útjûn waard, waard in replika yn it Provinsjehûs fan Fryslân ûntbleate.[2]

It Sneker Kroniekje leaude dat it orizjinele Karelsprivileezje yn Snits bewarre waard en by de stedsbrân fan 1457 ferlern gean wêze soe. Der soe nei 1500 noch in ôfskrift in 'e omgong west hawwe.[3]

Mei de autentisiteit fan de Fryske frijheidsprivileezjes waard yn it begjin fan de 13e iuw al de gek stutsen troch Jacob van Maerlant dy't oantsjutte dat it stik met botren gebullet wie, itjinge betsjutte dat it segel de echtheid bewize moast, dat it sa sêft as bûter wie. Van Maerlant stie lykwols yn tsjinst fan greve Floaris V fan Hollân dy't doe ek oanspraken makke op West-Fryslân en Westerlauwersk Fryslân. Nei't Floaris yn 1289 West-Fryslân oermastere hie, liet er himsels yn 1291 as "hear fan Fryslân" neame. De greven hiene al in bytsje ynfloed op it bestjoer en sprutsen op ferkate plakken yn Westergoa it rjocht út, dochs harren ynfloed wie yn de 13e iuw in bot ôfnommen en harren oanspraken waarden bestriden. Ek de biskop fan Utert makke oanspraak op Westerlauwersk Fryslân, dêr't keizer Freark I Barbarossa yn 1165 in kondominium nei ynstelde. Beide lânshearen mochten om de fjouwer jier komme en sprek it rjocht út. Troch dat systeem bemachtige de Fryske adel in soad frijheid en koene suver dwaan en litte wat se woene. Dat slagge oant de Hollânske greve oant yn it twadde fearn fan de 13e iuw de Utertske biskop bûten spul sette. De relaasje waard noch fierder ôfkuolle doe't Floaris V yn 1289 West-Fryslân oermastere.

Yn de Midsiuwen waarden allinnich de orizjinele dokuminten dy't mei net skansearre laksegels bestimpele waarden as rjochtsjildich beskôge. Der wiene tagelyk ek in soad ferfalske oarkonden yn 'e omgong en in goed organisearre argyf dy't soks útsykje koe, wie der yn dy tiid noch net. It yn de âlde literatuer neamde ferbân tusken de Fryske earn as heraldysk wapenfiguer en it Karelsprivileezje giet werom oant de ein fan de midsiuwen. Yn de tiid fan Karel de Grutte bestiene noch gjin famylje- en lânswapens. Yn de 15e iuw begûn de ryksearn as in wichtich wapensymboal foar Fryslân te tsjinjen. Sjoch ek Wapen fan Fryslân.

Eftergrûn bewurkje seksje

De Franken wreiden harren ryk in bot út tusken 650 en 750. Dêrby waard ek in grut part fan it doetiidske Fryslân oermastere, dochs dy oermastering wie net folslein. It part dat al oermastere wie bleau in ûnrêstich besit, lykas mei de moard op Bonifatius, wylst Easterlauwersk Fryslân, mank mei it doetiidske Saksen, him tsjin de Franken fersetten bleau.

Nei't Karel de Grutte dêr yn slagge en ferslach de Saksen ûnder lieding fan Widukind yn de snuorje fan de Saksekriich. Ien fan syn earste maatregels nei de oerwinning wie it ynventarisearjen fan it pleatslik gewoanterjocht. Foar Fryslân barde dat mei it opmeitsjen fan de Lex Frisionum.

De kearn fan it privileezje soe west wêze dat dy frijheid oan de Friezen werombrocht waard. De plichten dy't de Lex joech, waarden fan plicht in foarrjocht. De Fries krige dy rjochten ta te passen, mar waard net twongen dat te dwaan.

Betsjutting bewurkje seksje

Hoewol't it bestean fan it privileezje bestriden wurdt, kin fêststeld wurde dat de Fryske Lannen oant it begjin fan de sechtjinde iuw in alhiel eigen ûntjouwing trochmakke hiene, dêr't de feodale struktuer dy't troch karel de Grutte ûntwurpen waard, alhiel ôfwêzich wie.

Literatuerferwizing bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bevestiging oude rechten van Staveren door Koning Hendrik V in 1108. Oerprintinge út Urkunden zur Deutschen Verfasungsgeschichte mei oersetting en transkripsjes Oud Staveren Oproppen op 2 novimber 2023
  2. Vrijheidsprivilege Friezen uit 1417 onthuld argivearre op 13 novimber 2019, oproppen op 13 novimber 2019
  3. Karelprivileges in Sneek Stadswapen Sneek, Jancko Douwama's Geschriften, Friesch Genootschap ed. (Ljouwert 1849) 49-50. Argivearre op 28 oktober 2020.