Karina Lombard (op Tahity (Frânsk-Polyneezje), 21 jannewaris 1969) is in Frânsk-Amerikaansk model en aktrise fan mingd etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei har rol yn 'e bekroande spylfilm Legends of the Fall en as Marina Ferrer yn 'e tillefyzjesearje The L Word.

Karina Lombard
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karina Lombard
nasjonaliteit Frânsk
Amerikaansk
berne 21 jannewaris 1969
berteplak Tahity (Frânsk-Polyneezje)
etnisiteit Italjaansk
Lakota-
Russysk
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
www.karinalombard.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Lombard waard yn 1969 berne op it eilân Tahity, yn Frânsk-Polyneezje, as de dochter fan Henri Lombard, dy't fan mingd Italjaansk-Switsersk en Russysk komôf wie, en Nupuree Lightfoot, in Lakota-Yndiaanske medisynfrou. Lombard is de jongste fan fiif bern yn it gesin fan har âlden. Har âldere broer en susters binne: Hélène, Inès, Charles en Denise.

It gesin ferhuze yn Lombard har jonkheid geregeldwei, en sadwaande groeide se ferspraat oer in grut diel fan Jeropa op. Sa wenne se ferskate jierren yn Spanje mei har heit en broer en susters, en it Spaansk beskôget se dêrom as har memmetaal. It meastepart fan har skoalgeande jierren brocht se lykwols yn Switserlân troch. Lombard gie nei ferskate kostskoallen en sprekt floeiend Spaansk, Ingelsk, Italjaansk, Frânsk en Dútsk. Doe't se achttjin jier wie, sette se har nei wenjen yn New York, dêr't se in karriêre as model begûn.

Karriêre bewurkje seksje

Lombard briek troch mei in fotoreportaazje mei in Yndiaansk tema foar it ûnderguodmerk Calvin Klein. Ien fan har foto's waard útkeazen foar in reklamekampanje op oanplakbuorden, en sa krige hja bekendheid yn 'e modellewrâld. Neitiid ferskynden der fotoreportaazjes fan har yn ferneamde moadetydskriften, lykas Elle en Vogue.

Njonken har modellewurk wie Lombard yn New York ek al wakker aktyf as aktrise. Har aktearoplieding en toanielûnderfining die se beanmmentlik op yn it Gallery Theatre, it Neighborhood Playhouse, it Lee Strasberg Theatre Institute en de Actors Studio, allegear yn New York. Har earste rol op 'e tillefyzje hie se yn 1987 as prinsesse yn 'e Frânsktalige minysearje L'île. In earste filmrol krige Lombard yn 1991 as figurante yn The Doors. Nei noch ferskate lytse roltsjes, wêrûnder ien as 'famke op strân' yn The Firm, krige se yn 1993 foar it earst in gruttere rol yn 'e film Wild Sargasso Sea.

Lombard waard lykwols benammen bekend troch har rol as Isabel II (it Yndiaanske famke dat mei it personaazje fan Brad Pitt trout) yn it bekroande Legends of the Fall. Dêrby hie se njonken Pitt û.m. Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Gordon Tootoosis en Tantoo Cardinal as tsjinspilers. Yn 1996 spile Lombard yn 'e misdiefilm Last Man Standing, mei Bruce Willis, en yn 1997 yn 'e fantasyfilm Kull the Conqueror, mei Kevin Sorbo.

Nei 2000 lei Lombard har benammen ta op tillefyzjewurk, wêrby't se yn 2004 de rol fan Marina Ferrer fertolke yn it earste seizoen fan 'e searje The L Word. Yn 2005 en 2006 hie se ek in fêste rol as Alana Mareva yn The 4400. Fierders hie Lombard in weromkearende rol yn 'e rige Rescue Me, en ek hie se gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Crime Scene Investigation, CSI: New York en NCIS. Yn 2016 fertolke se de rol fan it Sjâny-opperhaad Nonhelema yn 'e ôflevering Stranded fan 'e searje Timeless.

Priveelibben bewurkje seksje

Fan 1991 oant 1998 wie Lombard troud mei kollega-akteur Anthony John Crane. Harren houlik einige yn in skieding.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1987 L'île Ivoa Frânsktalich; minysearje
1998 Early Edition Sammia Watts gastrol; ôfl. Mum's the Word
1998 The Violent Earth Anna Temaru minysearje
1999 The Seventh Scroll Royan minysearje
2000 Murder at the Cannes Film Festival    ynspekteur Renée Reno tillefyzjefilm
2004 Dr. Vegas Jessica Rhodes / Black Widow    gastrol; ôfl. All In
2004–2009 The L Word Marina Ferrer fêste rol yn seizoen 1; gastrol yn seizoenen 4 en 6
2005–2006 The 4400 Alana Mareva fêste rol
2007 The Secrets Claude Perkins minysearje
2007 CSI: Crime Scene Investigation Pippa Sanchez gastrol; ôfl. A La Cart
2009 Rescue Me Geneviéve Lazard weromkearende rol; ferskate ôfl.
2011 CSI: New York Eva Martinez gastrol; ôfl. Holding Cell
2012 NCIS Monique Lisson gastrol; ôfl. The Missionary Position
2014 Le Family Show Mayi Rioux tillefyzjefilm
2016 Timeless opperhaad Nonhelema gastrol; ôfl. Stranded
films
1991 The Doors Warhol-aktrise
1993 The Firm famke op strân
1993 Wide Sargasso Sea Antoinette Cosway
1994 Legends of the Fall Isabel II Decker-Ludlow
1996 Last Man Standing Felina
1997 Kull the Conqueror Zareta
1998 Exposé Amber Collins
2001 Guardian Katherine Kross
2003 Deception Margareth de Vries
2004 Big Kiss Liz
2011 Jo's Boy Alice Hamilton
2014 United a Passion Linda
2018 Reign of Judges: Title of Liberty Mahigana koarte film
2019 Deal Jules koarte film

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.