Kastiel Redbad of Kastiel Radboud stiet oan de eastkant fan de haven yn Medemblik. It kastiel is fan 1288.

Kastiel Redbad yn Medemblik
Grutte seal'
Kastiel Redbad

Kastiel Redbad is ien fan de soad kastielen yn Noard-Hollân, dy't boud waarden mei fanwege Floaris V. Hy woe net allinnich in daam opsmite tsjin alle ynfiltraasjes yn syn gebiet troch de Friezen, mar dêr ek steunpunten hawwe dêr't hy de krekt ûnderwurpen Westfriezen ûnder de kwint hâlde koe (sjoch: West-Fryslân).

Kastiel Redbad wie in saneamde twangboarch. Yn it ferline hat it kastiel grutter west. No binne der noch twa wenfleugels oer, in fjouwerkante en in rûne toer. De rest is yn de rin fan de iuwen ferdwûn. It oarspronklike kastiel hat in plattegrûn dy't in protte liket op dy fan it kastiel Muiderslot.

Nei 1578, der waarden doe stedswâlen oanlein, ferlear it kastiel syn betsjutting as ferdigeningswurk en taflechtsoarde en rekke it ferrinnewearre. It kastiel hat nea in aadlik geslacht wenne. Op it langelêst waard it yn 1889 rykseigendom. Dêrnei hawwe der fan 1890 oant 1897 restauraasjes west laat fan P.J.H.Cuypers.

It kastiel is iepen foar besikers. Der wurdt útlein hoe't it libben yn kastielen wie; it ferhaal fan Floaris en de Friezen krijt omtinken en der is in speurtocht by.

Yn de Twadde Wrâldoarloch is de Nachtwacht fan Rembrandt in skoftlang yn it kastiel bewarre, letter is it nei de Sint Pitersberch yn Súd-Limburch smokkele.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: