Kastiel fan Montsoreau

It Kastiel fan Montsoreau (Frânsk: Chateau de Montsoreau) is in kastiel boud yn 'e Renêssânsestyl dat yn 'e Loiredelling leit yn 'e stêd Montsoreau yn westlik Frankryk, 250 kilometer fan Parys. It is it iennige fan alle kastielen fan 'e Loiredelling dat boud is yn it rivierbêd fan 'e Loire. Sûnt 2016 is yn it Kastiel fan Montsoreau it Museum foar Hjoeddeiske Keunst - Kastiel fan Montsoreau fêstige, dat oprjochte is troch de Frânske samler fan hjoeddeistige keunst Philippe Méaille. De kolleksje fertsjintwurdiget de grutste samling fan 'e wrâld fan 'e radikale konseptualistyske keunstners fan Art & Language.

Kastiel fan Montsoreau
bouwurk
lokaasje
lân Frankryk
regio Lân fan de Loire
departemint Maine-et-Loire
plak Montsoreau
adres Passage du Marquis de
Geoffre (F-49730)
koördinaten 47°12′56″ N 0°03′44″ E
bysûnderheden
type bouwurk kastiel
boujier 15e iuw
boustyl renêssansisme
monumintale status fr:Monument historique
monumintnûmer PA00109211
oare ynformaasje
hichte 45 m
oerflak 3500 m²
tal ferdjippings 5
offisjele webside
www.chateau-montsoreau

Etymology bewurkje seksje

It Kastiel fan Montsoreau is ferneamd nei de rotspjuts dêr't it op boud is, de berch Soreau (Latyn: Monte Sorello / Mons Sorello).

Nasjonale en ynternasjonale beskermingen bewurkje seksje

It Kastiel fan Montsoreau waard yn 1862 útroppen ta in histoarysk monumint troch it Frânske Ministearje fan Kultuer. De Loiredelling tusken Sully-sur-Loire en Chalonnes-sur-Loire, ynklusyf Montsoreau en it Kastiel fan Montsoreau, is yn 2000 opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.

Skiednis bewurkje seksje

Montsoreau stiet derom bekend dat it it âldste is fan alle kastielen fan 'e Loiredelling. It waard folslein werboud troch Jean II de Chambes, de earste riedsman fan Karel VII fan Frankryk. Jean II de Chambes wie ek de ambassadeur fan Frankryk yn it Osmaanske Ryk en de Republyk Feneesje, en hy boude (ûngewoan foar Frankryk) syn kastiel rjochts oan 'e igge fan 'e Loire, lykas de Fenesiaanske paleizen.

Boukunde bewurkje seksje

De arsjitektoanyske styl is de oergong tusken Midsiuwske arsjitektuer (militêr) en renêssansistyske arsjitektuer (ferbliuw). It kastiel bestiet út 25 keamers, 23 iepen hurden en 6 treppen.

Skiednis bewurkje seksje

Der wiene trije haadgebouwen op Mount Soreau:

  • In Gallo-Romeinske timpel of in bestjoerlik gebou.
  • In Midsiuwsk fort boud troch Odo I fan Blois, koart dêrnei opnij ûntwurpen troch Fulk III fan Anzjû.
  • In renêssansistyske kastiel boud direkt nei it ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.