Katedraal fan Doarnik

De katedraal fan Doarnik of Us-Leaffroukatedraal (Frânsk: Notre-Dame de Tournai; Nederlânsk: Onze-Lieve-Vrouw van Doornik) is de roomsk-katolike biskopstsjerke fan it bisdom Doarnik yn 'e Belgyske stêd Doarnik yn 'e provinsje Henegouwen. Sûnt it jier 2000 is de katedraal, dy't in moai foarbyld fan 'e Skeldegotyk is, op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed set.

Us-Leaffroukatedraal fan Doarnik

Notre-Dame de Tournai

Lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
provinsje Henegouwen
plak Doarnik
koördinaten 50° 36' N 3° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Doarnik
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boustyl romaanske en goatyske arsjitektuer
hichte 83 meter
Webside
www.diocese-tournai.be
Kaart
Katedraal fan Doarnik (Belgje)
Katedraal fan Doarnik

Skiednis bewurkje seksje

Foargongers bewurkje seksje

 
De skyn fan Sint-Eleutherius.

Foar de hjoeddeiske katedraal wiene der al twa oare katedralen en de hjoeddeiske katedraal is op it plak de tredde. De earste katedraal waard yn 'e 5 iuw ûnder Eleutherius boud, de earste biskop fan it bisdom Doarnik. Yn 532 waard Sint-Menardus, de fjirtjinde biskop fan Noyon, keazen as biskop fan Doarnik en hy foege de twa bisdommen Noyon en Doarnik gear oant paus Eugenius III de beide bisdommen wer fan inoar skiede.

Fan 'e 9e oant de 11e iuw waard in nije katedraal boud. Dy twadde katedraal baarnde yn 881 en 1066 ôf, mar waard beide kearen wer opboud. Yn 1092 waard de Sint-Martinusabdij fan Doarnik stifte. It wie ek it jier dat der in ein kaam oan in grutte epidemy. Ta oantinken dêrfan waard de tradysje fan de Grutte Prosesje ynsteld, dy't ek hjoeddedei noch alle twadde sneinen fan septimber plak fynt.

Hjoeddeiske katedraal bewurkje seksje

Oan it begjin fan 'e 12e iuw liede mei it tanimmen fan 'e wolstân fan de stêd, de ferearing fan Us-Leaffrou en faaks ek de winsk om de bisdommen Doarnik en Noyon te skieden ta de bou fan 'e tredde, de hjoeddeiske katedraal. De bou fûn plak fan it westen nei it easten, dus fan it skip nei it koer. It byntwurk datearret út 'e jierren 1142-1150. De nije romaanske katedraal waard op 9 maaie 1171 ynwijd. Fan dat gebou bleau oant de dei fan hjoed it grutste part bewarre.

Under biskop Walder de Marvis waard yn 1243 in begjin makke oan 'e weropbou fan it koer. It âlde romaanske koer waard ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it tsjintwurdige goatyske koer. Yn 1255 waard it nije, yndrukwekkende koer ynwijd, wêrfan de bou beynfloede is troch de katedralen fan Amiens en Soissons. Op inisjatyf fan biskop Stefanus waard sûtn it begjin fan de 13e iuw in begjin makke mei it ynbringen fan stiennen ferwulften yn it dwersskip. Op dy faze folge de foltôging fan de krusingstoer en de fjouwer oare tuorren.

Oan it begjin fan 'e 14e iuw waard it westlike portaal tafoege, ek yn goatyske styl.

 
Ynterieur.

Op 23 augustus 1566 waard de katedraal plondere troch byldenstoarmers, dy't in grut part fan 'e midsiuwske ynrjochting fernielden. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw wiene it de oanhingers fan 'e Frânske Revolúsje, dy't it hiele ynterieur fan 'e tsjerke ferneatigen. Yn it ramt fan it konkordaat fan 15 july 1801 waard de tsjerke wer foar de earetsjinst iepene en stadichoan waard it ynterieur wer folle mei keunstwurken. Benammen twa 19e iuwske biskoppen droegen in soad by oan it herstel fan 'e tsjerke: François-Joseph Hirn slagge der yn om in soad keunstwurken oan te skaffen, dy't ôfkomstich wiene út sletten of ôfbrutsen abdijen, lykas de tegels fan it koer en it alter fan 'e kollegiale tsjerke fan de Sint-Martinusabdij, wylst biskop Gaspard-Joseph Labis mei in restauraasje fan 'e katedraal útein sette, dy't langer as fjirtich jier duorje soe.

Ek de Twadde Wrâldkriich besoarge de katedraal in soad skea. It Dútske bombardemint op de stêd yn maaie 1940 lei in part fan 'e stêd yn pún. Ek de rike goatyske parochykapel fan Us-Leaffrou, dy't lâns it noardlike diel fan it romaanske skip lei, waard ferneatige. In weropbou fan de kapel hat nei de kriich net mear plak fûn.

Op 24 augustus 1999 brocht in tornado skea oan 'e katedraal. By de beöardieling fan 'e skea kamen strukturele problemen oan it ljocht. Sûnt dy tiid ûndergiet de katedraal reparaasjes.

 
"De Befrijing fan de Sielen út it Fagefjoer"
Peter Paul Rubens.

Ynterieur bewurkje seksje

It renêssânse doksaal datearret fan 1574 en is makke troch Cornelis Floris de Vriendt. Ek it neamen wurdich is it skilderij "De Befrijing fan de Sielen út it Fagefjoer" fan Peter Paul Rubens. It skilderij waard yn de Frânske Revolúsje út de tsjerke helle, mar it kaam yn 1815 skansearre werom en it waard yn 1993 restaurearre. In oar doek fan Rubens, "De triomf fan Judas Makkabeüs", waard doe ek út de katedraal stellen en is nea werom kommen en hinget tsjintwurdich yn it Musee des Beaux-Arts yn it Frânske Nantes.[1]

Yn 'e skatkeamer fan 'e katedraal is de skryn fan Us-Leaffrou fan Nikolaas fan Verdun te sjen, ien fan 'e "Sân wûnders fan Belgje".

Dieverij bewurkje seksje

Op 19 febrewaris 2008 fûn in wapene oerfal yn 'e katedraal plak, wêrby't meiïnoar trettjin keunstwurken stellen waarden. De rôvers sloegen it pantserglês fan in fitrine en namen acht tsjelken en trije krusen mei. Yn ien fan 'e krusen siet in houtsplinter ferarbeide fan it krús fan Kristus. It krús is belein mei goud, parels en 48 ealstiennen en wie ôfkomstich fan in ridder, dy't it yn 1204 oan 'e katedraal joech nei in súksesfolle oanfal op Konstantinopel. Allinne it Byzantynske krús hie allinne al in fersekeringswearde fan 25 miljoen euro.[2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Notre-Dame de Tournai