Katedraal fan Manchester

De Katedraal fan Manchester (Ingelsk: Manchester Cathedral), formeel de Katedraal en Kollegiale Tsjerke fan Sint-Marije, Sint-Dionysius en Sint-Joaris (Cathedral and Collegiate Church of St Mary, St Denys and St George), oan 'e Victoria Street yn Manchester, Ingelân, is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Manchester en in parochytsjerke.

Katedraal fan Manchester

Cathedral and Collegiate Church of St Mary, St Denys and St George

Lokaasje
lân Ingelân
plak Manchester M3 1SX
adres Victoria St
koördinaten 53° 29' N 2° 14' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Manchester (sûnt 1847)
patroanhillige Marije
Sint-Joaris
Dionysius
Arsjitektuer
boujier 1421-1882
boustyl gotyk
hichte 46,1 meter (toer)
monumintale status Grade I listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Manchester (Grut-Manchester)
Katedraal fan Manchester

Skiednis bewurkje seksje

Fan 'e earste tsjerken fan Manchester is neat bekend. Yn 'e muorre fan it súdlike portaal waard by de 19e-iuwske renovaasje in stien ûntdutsen mei in ingel en de tekst In manus Tuas Domine commendo spiritum (oersetting: Heare, yn jo hannen betrou ik myn geast; Lukas 23:46). De stien wurdt datearre op likernôch it jier 700 en leveret it bewiis dat der in ier-Saksyske tsjerke west hawwe moat. Mooglik dat de stien eartiids yn 'e tsjerke oer in grêf lei of by in alter heard hat.

 
Wetterspijer

De hjoeddeiske tsjerke ûntstie fan 1421 oant 1506 as in kollegiale tsjerke fan in preesterkolleezje. De parochytsjerke waard wijd oan 'e hillige Jongfaam Marije en ek de hilligen Sint-Joris, de beskermhillige fan Ingelân, en Dionysius, de beskermhillige fan Frankryk. Dy lêste hillige soe te meitsjen hawwe kinne mei de Frânske komôf fan 'e stifter fan 'e kollegiale tsjerke, Thomas de la Warre, mar it soe ek te meitsjen hawwe kinne mei de oanspraken fan 'e doedestiidske kening Hindrik V op 'e Frânske troan.

Tusken 1465 en 1481 waard it haadskip fan 'e tsjerke yn 'e perpendicular gotyk boud. Mei de ynfiering fan 'e reformaasje waard de tsjerke de Anglikaanske parochytsjerke fan Manchester.

Troch de yndustriële revolúsje yn 'e 19e iuw naam it tal ynwenners fan de stêd hurd ta. De tsjerke waard yn 1847 de katedraal fan it nije Anglikaanske bisdom Manchester. Utsein restauraasjes hawwe der sûnt dy tiid gjin grutte ferbouwings en feroarings mear plakfûn. By de restauraasje yn 'e 19e iuw hearde ek de rekonstruksje fan de fanwegen brekfalligens yn 1864 ôfbrutsen krusingstoer, dy't krekt wat heger is as syn foargonger.

Yn desimber 1940 ferneatige in Dútsk bombardemint op de stêd de midsiuwske Marijekapel en de kapel foar James Stanley. De werbou folge yn 'e jierren 1941-1960. De katedraal rekke op 'e nij skeind by de bomoanslach fan it IRA yn juny 1996.

Gebou bewurkje seksje

De katedraal waard bou fan twa stiensoarten. It boumaterjaal fan 'e katedraal kaam út de omkriten fan 'e stêd. Foar de muorren is donkerbrune sânstien brûkt, wylst de flierren fan kalkstien binne en fossile seeleeljes sjen litte.

Restauraasje bewurkje seksje

Yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw wie it muorrewurk yn minne steat. Dat kaam troch waarsynfloeden, mar ek troch in oanbrochte semintlaach om it ynterieur ljochter te meitsjen. Tusken 1850 en 1870 waarden de oantaaste stiennen fan it eksterieur en yn 'e tsjerke fan it skip en de arkades ferfongen. Tagelyk mei de weropbou fan 'e westlike toer yn 1868 waard dy ek ferhege. Yn 1898 waarden de sakristyportalen tafoege.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Koerbanken

It houten ferwulft wurdt troch sân dwersbalken mei musisearjende ingels droegen.

De katedraal hat tritich misericordes yn in 'e selde styl as dy fan 'e katedraal fan Ripon en de munster fan Beverley. Alhoewol't dy fan Manchester fan lettere datum binne, binne se nei alle gedachten makke troch deselde skoalle as dy fan Ripon. Ien fan 'e meast opfallende is dy fan de achtste sit oan 'e noardlike kant, dy't ien fan de earste foarstellings fan it spultsje backgammon útbyldet.

It doksaal is 14e-iuwsk.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden by it Dútske bombardemint yn 1940 alle Fiktoariaanske glês-yn-lead ruten ferneatige. Oant de jierren 1960 wiene noch mar twa ruten yn eare hersteld. De deken en it kapittel joegen oan Tony Hollaway de opdracht om in ûntwerp te meitsjen foar nije ruten. It earst wiene de westlike oan bar: Sint-Joaris (1973), Sint-Dionysius (1976), Sint-Marije (1980), De Skepping (1991) en De Apokalyps (1995). Ta betinking fan 'e restauraasje fan 'e katedraal nei de bomoanslach fan d'e IRA yn 1996 waard yn 2004 in rút fan Linda Walton ynbrocht.

De tsien klokken yn 'e toer binne yn 1925 getten troch Gillett & Johnston yn Croydon. De grutste klok waacht 1.3 ton.

 
Ynterieur mei it nije oargel

Oargel bewurkje seksje

It âlde oargel fan 'e katedraal rekke by it bombardemint yn 1940 slim skeind. It oargel waard provisoarysk troch Harrison & Harrison reparearre mei behâld fan âld piipwurk en die dêrnei noch 75 jier tsjinst. Yn 2010 naam de biskop fan Manchester de foarstap om jild yn te sammeljen foar in nij oargel. De lokaasje fan 'e foargonger wie yn 'e romten fan 'e sydskippen, mar it nije oargel hat in plak krige op it doksaal dêr't de oargels foar de kriich ek op stiene.

It 4800 pipen tellende ynstrumint waard yn 2016-2017 boud troch Kenneth Tickell & Company Ltd. Nei it skip ta hat it oargel metaalkleurige pipen en nei it koar ta fergulde pipen. De bou waard mooglik makke troch de filantroop Sir Norman Stoller.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Manchester Cathedral