Katedraal fan Manilla

De Metropolitane Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Manilla yn (Filipynsk: Basilika Menore at Kalakhang Katedral ng Kalinis-linisang Paglilihi; Spaansk: Basílica Menor y Catedral Metropolitana de la Inmaculada Concepción) yn de binnenstêd fan Manilla op de Filipinen. De katedraal is wijd oan de ûnbeflekte ûntfinzenis fan de Jongfaam Marije, de wichtichste beskermhillige fan it lân.

Metropolitane Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis

Basilika Menore at Kalakhang Katedral ng Kalinis-linisang Paglilihi / Basílica Menor y Catedral Metropolitana de la Inmaculada Concepción

bouwurk
lokaasje
lân Filipinen
plak Manilla
adres Beaterio St, Cabildo St, Intramuros
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1954-1958
arsjitekt Fernando Ocampo
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
offisjele webside
Side katedraal

Oarspronklik waard de katedraal yn 1571 as parochytsjerke fan it aartsbisdom Meksiko boud. Mei de bul Illius Fulti Præsido fan paus Gregoarius XIII waard it in apart bisdom.

De katedraal waard sûnt de foltôging fan de oarspronklike tsjerke yn 1581 ferskate kearen troch ierdskoddings en kriich skansearre en ferneatige. It achtste en hjoeddeiske bouwurk op it plak waard ûnder lieding fan de arsjitekt Fernando Ocampo yn 1958 foltôge.

De pausen Paulus VI, Jehannes Paulus II en Fransiskus brochten in besite oan de katedraal. Op 27 april 1981 krige de katedraal fan paus Jehannes Paulus II de status basilica minor.

Yn de katedraal binne ferskate aartsbiskoppen en kardinalen byset.

Ofbylden bewurkje seksje