Katolike Liga (1609)

De Katolike Liga (1609 - 1635) wie in ferbûn fan katolike Dútske foarstendommen. It wie hartoch Maksimiliaan I fan Beieren dy't de liga stifte. Yn 1609 kamen in soad hearskers fan de lytse foarstendommen fan it Hillich Roomske Ryk yn München byinoar om it ferdrach te tekenjen dat in katolyk militêr bûn foar de folgjede njoggen jier betsjutte.

Stifting fan de Katolike Liga troch Maksimiliaan i fan Beieren

De Katolike Liga waard in jier stifte nei't de protestantske foarstendommen de Protestantske Uny oprjochten om dêr wjerstân oan te bieden. De spannings tusken de twa federaasjes lieden úteinliks ta de earste faze fan de Tritichjierrige Kriich, ek bekend ûnder de namme Boheemske Kriich.

Oan it ein fan dy tiid briek de kriich út tusken de Boheemske katolike kening Ferdinand II en de protestantske Freark V fan de Palts. De Protestantske Uny stipe Freark V, wylst de Katolike Liga fansels de kant keas fan Ferdinand II. De Katolike Liga fersloech de Protestantske Uny yn de Slach op de Wite Berch yn 1620. Dêrmei kaam in ein oan de Boheemske Kriich en waard it protestantske Bohemen wer katolyk.

De liga waard yn 1636 mei it ûndertekenjen fan Frede fan Praach troch keizer Ferdinand II en de measte protestantske steaten opheven (net te betiizgjen mei it fredesferdrach fan Praach mear as twa iuwen letter).