Kayme Kai, echte namme: Angelina Rosati (Kaaoa (Hawaï), 23 juny 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Hawaïaansk-Sineesk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Karynn Kai, Kami Kai en Kanya Kai.

Kayme Kai
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Karynn Kai, Kanya Kai,
Kami Kai
echte namme Angelina Rosati
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 juny 1987
berteplak Kaaoa (Hawaï)
etnisiteit Hawaïaansk
Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
kaymekai.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Kayme Kai is hikke en tein yn 'e steat Hawaï, dêr't se yn 1987 yn it plakje Kaaoa berne waard. Yn 2007, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as tachtich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Penthouse, Wicked Pictures, Adam & Eve, New Sensations, Zero Tolerance, Digital Sin, Pure Play Media en Diabolic Video. Yn 2011 waard se mei fyftjin oaren nominearre foar in AVN Award (de Oscars fan 'e pornoyndustry) foar bêste groepsekssêne yn 'e film Speed. Neffens har offisjele opjefte is se 1.54 m, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34D, dy't se krigen hat troch yn 2008 in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei 15 oaren) Speed

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: