Kelly Wallace (folút: Kelly Jean Wallace; New York, 21 desimber 1966) is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, presintatrise, tillefyzjeregisseur en tillefyzjeprodusinte fan etnysk Skotsk komôf. Hja is ynternasjonaal bekend wurden mei har wurk foar de nijsstjoerder CNN, mar hja hat ek wurke foar û.m. CBS en FOX.

Kelly Wallace
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Kelly Wallace (l.) ynterviewt de Amerikaanske minister fan Wolwêzen en Folkssûnens Kathleen Sebelius (rj.).
Kelly Wallace (l.) ynterviewt de Amerikaanske minister fan Wolwêzen en Folkssûnens Kathleen Sebelius (rj.).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kelly Jean Wallace
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 desimber 1966
berteplak New York (New York)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
regisseur, produsint
medium tillefyzje
wurksum by CNN, CBS, FOX
jierren aktyf 1990 – no
prizen Gracie Award 2012
offisjele webside
Kelly Wallace op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Wallace is hikke en tein yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn, dêr't se yn 1966 berne waard. Yn 1983 slagge se dêr foar har middelbere-skoaleksamen oan 'e Sheepshead Bay High School. Dêrnei learde se fierder oan 'e Wharton School of Business fan 'e Universiteit fan Pennsylvania, yn Philadelphia, dêr't se yn 1987 magna cum laude in bachelorstitel yn ekonomy behelle.

Karriêre bewurkje seksje

Wallace sette har sjoernalistike karriêre yn 1990 útein as tillefyzjeprodusinte by CNN USA. Fanôf 1996 wurke se trije jier lang by it lokale tillefyzjestasjon KRQE yn Albuquerque, yn de steat Nij-Meksiko, foar't se weromgie nei New York, dêr't se in jier foar de lanlike stjoerder FOX yn 't spier wie.

Yn 2000 kearde se werom by CNN, dêr't se as ferslachjouster en programmamakster wurke oant se yn 2007 oerstapte nei de Amerikaanske grutte lanlike stjoerder CBS, om dêr as korrespondinte foar it jûnsnijs te wurkjen. Letter waard Wallace oansteld as haadferslachjouster en útfierend regisseur by de stjoerder iVillage, wêrfoar't se û.m. first lady Michelle Obama, minister fan Wolwêzen en Folkssûnens Kathleen Sebelius, fise-presidintsfrou Jill Biden, en sjongster Alicia Keys ynterviewde. Yn 2012 wûn Wallace de Gracie Award foar treflike ferslachjouwing. Yn 2013 waard se op 'e nij oannommen troch CNN.

Priveelibben bewurkje seksje

Wallace is troud mei tillefyzjeprodusint Matt Saal, dy't earder foar MSNBC de Rachel Maddox Show makke, mar op 't heden as útfierend produsint wurket foar Bloomberg Television. Hja hawwe twa dochters, Hattie en Lily. It gesin wennet oan 'e Upper West Side fan Manhattan, yn it sintrum fan 'e stêd New York.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.