Kelsi Monroe, echte namme ûnbekend (Fort Lauderdale (Floarida), 30 juny 1992), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Monroe stiet benammen bekend om har grouwe stuten.

Kelsi Monroe
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 juny 1992
berteplak Fort Lauderdale (Floarida)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Kelsi Monroe op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Monroe waard yn 1992 berne yn Fort Lauderdale, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Hja waard ûntdutsen troch in talintescout foar de pornoyndustry wylst se yn in warehûs fan 'e keatling Walmart op 'e sneup wie nei in koarte broek foar har yoga-oefenings. Yn 2013, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Monroe kaam al rillegau bekend te stean om har grouwe stuten. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel en as stripper.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Monroe begjin 2017 yn krapoan hûndert films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Red Light District, Evil Angel, Jules Jordan Video en Digital Playground. Ek hat Monroe wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media en Mile High Media, mar mear noch hat se yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Monroe gearwurke mei kollega-aktrises as Anikka Albrite, A.J. Applegate, Diamond Kitty, Francesca Le, Kendra Lust, Kelly Madison, Roxy Raye, Veronica Rodriguez, Jada Stevens en Shae Summers, en teffens mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, Erik Everhard, Manuel Ferrara, J. Mac, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Mandingo, Sean Michaels, Ramon Nomar, Lexington Steele, Criss Strokes, Mark Wood en Prince Yahshua.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Kelsi Monroe is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.71 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings. Wol hat se twa tatoeaazjes mei tekst: ien op har lofterside en ien op har rjochterskouderblêd.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: