Kertieren fan Fryslân

De kertieren fan Fryslân foarmen in bestjoerlike yndieling (1579-1795) fan Fryslân.

Kertieren fan Fryslân

De eardere goaen Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden wienen de trije plattelânskertieren, ûnderferdield yn tritich (respektivelik alve, njoggen en tsien) gritenijen. It fjirde kertier wie in stêdekertier en bestie út de Fryske alve stêden.

Kertieren bewurkje seksje

Kertier Flagge Oantal Gritenijen/ stêden
Eastergoa   alve Achtkarspelen, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Kollumerlân en Nijkrúslân, Ljouwerteradiel, East-Dongeradiel, Raarderhim, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel
Westergoa   njoggen Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjerteradiel, Himmelumer Aldeferd, Hinnaarderadiel, It Bildt, Menameradiel, Wûnseradiel en Wymbritseradiel
Sânwâlden   tsien Aenjewier, Doanjewerstâl, Gaasterlân, Haskerlân, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skoatterlân, Utingeradiel en Weststellingwerf
Stêden alve Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Drylts, Ljouwert, Sleat, Snits, Starum en Warkum