Kingsman: The Secret Service

film út 2014 fan Matthew Vaughn

Kingsman: The Secret Service is in Britsk-Amerikaanske aksjekomeedzje en spionaazjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Matthew Vaughn. De titel betsjut "Keningsman: De Geheime Tsjinst". It senario waard troch Vaugh en Jane Goldman basearre op 'e striprige The Secret Service fan Dave Gibbons en Mark Millar. De haadrollen yn 'e film wurde spile troch Colin Firth, Samuel L. Jackson en Taron Egerton, mei byrollen foar û.o. Mark Strong, Michael Caine en Sofia Boutella. It ferhaal fan Kingsman: The Secret Service folget de rekrutearring en trening fan Gary "Eggsy" Unwin as agint fan in partikuliere Britske geheime tsjinst, wêrnei't er op syn earste missy in rike Amerikaan sjen moat te stopjen dy't oan grutheidswaansin lijt. De film krige oer it algemien positive kritiken en brocht rom fjouwer kear safolle op as dat deroan útjûn wie. Yn 2017 gie it ferfolch Kingsman: The Golden Circle yn premiêre.

Kingsman: The Secret Service
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Matthew Vaughn
produsint Matthew Vaugh
David Reid
Adam Bohling
senario Jane Goldman
Matthew Vaughn
kamerarezjy George Richmond
muzyk Henry Jackman
Matthew Margeson
filmstudio Marv Films
Cloudy Productions
Shangri-La Entertainment
TSG Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Colin Firth
Samuel L. Jackson
Taron Egerton
byrollen Mark Strong
Michael Caine
Sophie Cookson
Sofia Boutella
Samantha Womack
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 13 desimber 2014 (filmfestival)
14 jannewaris 2015 (bioskopen)
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjefilm, aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $81 oant 94 miljoen
opbringst $414,4 miljoen
prizen Empire Award 2015
filmsearje
filmsearje Kingsman
● folgjend diel Kingsman: The Golden Circle

Plot bewurkje seksje

Under in missy yn it Midden-Easten yn 1997 offeret Lee Unwin, in nije rekrút fan 'e Britske partikuliere geheime tsjinst Kingsman, himsels op om syn oerhearrige Harry Hart te rêden. Hart keart neitiid mei djippe skuldgefoelens werom nei Londen, dêr't er oan Lee syn jonge widdo Michelle en har soan Gary, in pjut dy't troch eltsenien 'Eggsy' neamd wurdt, in medalje jout dêr't in tillefoannûmer yn gravearre is dat se skilje kinne as se ea yn 'e swierrichheden sitte.

Santjin jier letter, yn 2014, is Eggsy, nettsjinsteande syn hege yntelliginsje en feardichheid op alderlei mêd, opholden mei de trening foar de Royal Marines. Hy is ferfallen ta kriminaliteit, en as er arrestearre wurdt foar it stellen fan in auto, skillet er it tillefoannûmer op it medalje. Dêrop komt Hart fanwegen en bewurkmasteret dat Eggsy sûnder oanklacht frijlitten wurdt. Hy leit Eggsy dêrnei út dat er wurket foar Kingsman, dat in geheime tsjinst is dy't net útgiet fan 'e Britske oerheid, mar op eigen manneboet operearret om Britske belangen te beskermjen. Kingsman is oarspronklik oprjochte troch in stikmannich rike Britten dy't harren erfgenamten yn 'e Earste Wrâldoarloch ferlern wiene en besleaten om foar te kommen dat sa'n sinleaze oarloch ea wer foarfalle koe.

Hart, waans koadenamme 'Galahad' is, leit Eggsy fierders út dat der by Kingsman in fakatuere is, om't de agint James Spencer ('Lancelot') ombrocht is troch de moardneresse Gazelle doe't er besocht om 'e ûntfierde perfester James Arnold te rêden. Hart bepraat Eggsy om syn kandidaat te wurden foar de nije Lancelot, wylst oare Kingsman-aginten harren eigen kandidaten ynbringe, seis yn totaal (Eggsy ynbegrepen).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It seistal wurdt bleatsteld oan in hiele rige gefaarlike treningsoperaasjes dy't opset binne troch de agint 'Merlin'. Fjouwer fan 'e oare kandidaat-aginten falle geandewei ôf, oant inkeld Eggsy en de froulike kandidaat Roxy, mei wa't er ûnderwilens befreone rekke is, noch oer binne. De lêste test bestiet derút dat de kandidaten in hûnejong deasjitte moatte dat se ûnder harren trening grutbrocht hawwe. Hoewol't it pistoal dêr't se dat mei dwaan moatte, losse flodders blykt te befetsjen, witte sy dat foarôf net. Eggsy wegeret om de trekker oer te heljen, en sa wurdt Roxy de nije 'Lancelot'.

Underwilens hat Merlin ûntdutsen dat perfester Arnold wer opdûkt is en gewoan wer oan it wurk gien is as wie der neat bard. Hart wurdt derop ôfstjoerd om him te befreegjen, mar ear't er dat dwaan kin, ûntploft der in mikrochip dy't yn 'e perfester syn nekke ynbrocht is, mei as gefolch dat Arnold ûnthalze wurdt. It radiosinjaal dat de chip eksplodearje liet, wurdt weromtrasearre nei in fasiliteit dy't eigendom is fan 'e Amerikaanske ynternetmiljardêr en filantroop Richmond Valentine, dy't koartby alle minsken op 'e wrâld fergees in SIM-kaart oanbean hat dêr't men libbenslang mei skilje en ynternetsje kin op 'e mobile tillefoan.

Hart giet undercover as in oare miljardêr en filantroop en wit sa in moeting mei Valentine te beävensearjen. Hy ûntdekt dat dy bannen ûnderhâldt mei in obskuere haatgroep dy't him profilearret as tsjerkegenoatskip yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. Dêr reizget er hinne mei in bril op dêr't in kamera en stjoerder-ûntfanger yn ynboud binne, sadat Eggsy live folgje kin wat der bart. As Hart by de tsjerke oankomt, aktivearret Valentine de SIM-kaarten yn 'e mobile tillefoanen yn it gebou, wat in audio-psychysk synjaal feroarsaket dat it tsjerkefolk abrupt ta in ûntinkende steat fan moardsuchtige gewelddiedigens bringt. Troch Hart syn trening as geheim agint is hysels de iennichste dy't libben de tsjerke ferlit, mar ienris bûtendoar treft er Valentine, dy't him útleit wat er krekt dien hat, en him dan ûnferwachts yn 'e holle sjit.

Nei Hart syn dea keart Eggsy allinnich werom nei it haadkertier fan Kingsman, dêr't er ûntdekt dat Valentine de lêste tiid petearen fierd hat mei in grut tal foaroansteande persoanen, ûnder wa de premier en kroanprinsesse fan Sweden. Nei dy moeting is de kroanprinsesse spoarleas ferdwûn. No docht bliken dat Chester King, koadenamme 'Arthur', de lieder fan Kingsman, ek mei Valentine yn petear west hat, en sûnt hat de man in groede yn syn nekke krekt sa't perfester Arnold ek hie. As Eggsy Arthur dêrop oansprekt, leit dy út dat Valentine fan doel is om fia syn satellytnetwurk in wrâldwide 'neurologyske weach' út te stjoeren nei de fergese SIM-kaarten dy't er ferspraat hat. Wat der yn 'e tsjerke yn Kentucky barde, sil dan yn 'e hiele wrâld barre, mei as gefolch dat de minskheid 'úttinne' wurdt, sadat de driigjende selsútrûging troch klimaatferoaring en it broeikaseffekt ôfkeard wurdt. Inkeld dyjingen dy't troch Valentine útkard binne, sille de 'neurologyske weach' oerlibje. Valentine hat Arthur bepraat dat soks in ûnûntkomber kwea is, mar as dúdlik wurdt dat Eggsy der hiel oars oer tinkt, besiket Arthur him út 'e wei te romjen troch gif yn syn drinken te dwaan. Eggsy wikselet lykwols de glêzen om as Arthur der eefkes net om tinkt, sadat de âldman himsels fergiftiget.

Neitiid betinke Eggsy, Merlin en Roxy in plan om Valentine tsjin te hâlden. Roxy brûkt in waarballon om heech yn 'e atmosfear te kommen dêr't se ien fan Valentine syn satelliten wei útskeakelje kin, sadat syn netwurk útinoar falt. Valentine wit lykwols sûnder folle muoite in ferfangende satellyt te bemachtigjen fan in sakekunde fan sines. Underwilens fljocht Merlin Eggsy nei de basis fan Valentine ta, dêr't Eggsy binnenkringt yn 'e momkape fan Arthur, mei in bril op mei kamera en stjoerder-ûntfanger, sadat Merlin live folgje kin wat der bart. Eggsy wurdt lykwols ûntmaskere troch Charlie Hesketh, in mislearre Kingsman-kandidaat dy't de lapen gearsmiten hat mei Valentine. Eggsy besiket te ûntkommen mar komt djip yn 'e gongen ûnder de basis fan Valentine mei de rêch tsjin 'e muorre te stean. Om't er neat mear te ferliezen hat, lit er dan Merlin, dy't Valentine syn kompjûtersysteem hackt hat, de mikrochips aktivearje dy't Valentine by al syn meistanners ymplantearre hat. It gefolch is dat al dy lju tagelyk ûnthalze wurde.

De iennichste oerlibbenen yn it gongstelsel ûnder de basis binne Eggsy sels en de Sweedske kroanprinsesse Tilde, dy't dêr yn in sel fêstholden blykt te wurden om't se Valentine foar gek ferklearre doe't dy syn grutte plan oan har foarlei. As se him freget om har te befrijen, easket Eggsy yn ruil dêrfoar in tút, mei't er altyd alris in prinsesse tútsje wollen hat. Se antwurdet dat se him "wol mear as in tút" jaan wol as er har út har sel brekt. Op dat stuit wurde se lykwols ûnderbrutsen troch Valentine, dy't troch it lûdsprekkersysteem fan syn basis oankundiget dat er net sa gek wie om by himsels in mikrochip te ymplantearjen, en dat syn plan gewoan trochgean kin. Hy aktivearret it sinjaal en lokket dêrmei in wrâldwiid pandemonium út as alle lju mei syn SIM-kaarten feroarje yn gewelddiedige gekken en inoar en oaren te liif geane mei wat mar foar hannen is.

Eggsy ferûntskuldiget him foar prinsesse Tilde oer, mei't er earst de wrâld rêde moat, mar ûnthjit dat er dan weromkomme sil om har te befrijen. Sy antwurdet dat er, as er de wrâld rêden hat, wol in gruttere beleanning fertsjinne hat as in tút, en suggerearret dat se it dan "yn it kontgat" dwaan kinne. Eggsy hastiget him nei Valentine syn kontrôlesintrum, dêr't er behalven mei Valentine sels konfrontearre wurdt mei de moardneresse Gazelle, dy't beide skonken amputearre hat, mar yn 't plak dêrfoar protezes yn 'e foarm in pear swurden draacht. Der folget in lange fjochtpartij wêryn't Eggsy op 't lêst ôfweeft mei Gazelle en har ombringt. Dêrnei brûkt er ien fan har protezes om Valentine te deadzjen, sadat it sinjaal stopset wurde kin en de bedriging fan 'e wrâld weinommen wurdt. Neitiid keart Eggsy mei in flesse sjampanje werom nei de sel fan Tilde. It lêste wat der op Merlin syn byldskerm te sjen is, binne de bleate stuten fan 'e prinsesse ear't Merlin hastich syn kompjûter ôfslút.

 
Colin Firth.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling noch folget, keart Eggsy werom nei hûs as in folweardich Kingsman-agint. Hy biedt syn mem en healsuster in nij thús oan, by syn gewelddiedige styfheit Dean wei. As Dean syn frou en dochter net gean litte wol, weeft Eggsy sûnder muoite mei him ôf.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Harry Hart / Galahad Colin Firth
Richmond Valentine Samuel L. Jackson
Gary "Eggsy" Unwin Taron Egerton


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Merlin Mark Strong
Chester King / Arthur Michael Caine
Roxanne "Roxy" Morton / Lancelot Sophie Cookson
Gazelle Sofia Boutella
Michelle Unwin Samantha Womack
Dean Baker Geoff Bell
Charles "Charlie" Hesketh Edward Holcroft
prof. James Arnold Mark Hamill
James Spencer / Lancelot Jack Davenport
kroanprinsesse Tilde fan Sweden Hanna Alström
premier Morten Lindström fan Sweden Bjørn Floberg
Rufus Saville Jack Cutmore-Scott
lady Sophie Lily Travers
Lee Unwin Jonno Davies
Amelia Fiona Hampton
Kingsman-ûnderfreger Richard Brake
plysjeresjersjeur Ralph Ineson
fanatike tsjerkelieder Corey Johnson
grutte man by slaanderij yn kroech Velibor Topić

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Kingsman: The Secret Service fûn syn oarsprong yn in petear yn in kroech tusken regisseur Matthew Vaughn en striptekener Mark Millar. De mannen hiene it oer spionaazjefilms en beklagen har deroer dat dat sjenre sûnt likernôch 2000 alle humor ferlern hie. Uteinlik besleat Vaughn nei oanlieding fan dat petear om "in leukenien" te meitsjen. Om dêr tiid foar te hawwen, moast er ôfsizze as regisseur fan 'e superheldefilm X-Men: Days of Future Past, eat dat er omskreau as "in hiel dreech beslút." Mar hy riddenearre dat as hysels gjin humoristyske spionaazjefilm makke, "in oar [...] wekker wurde" en him foar wêze soe.

Behalven as regisseur wie Vaughn by Kingsman: The Secret Service ek belutsen as produsint (yn 'e mande mei David Reid en Adam Bohling) en skreau er mei Jane Goldman it senario, dat basearre is op 'e striprige The Secret Service fan Dave Gibbons en Mark Millar. George Richmond die de kamerarezjy en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman en Matthew Margeson. Kingsman: The Secret Service waard yn gearwurking produsearre troch de studio's Marv Films, Cloudy Productions, Shangri-La Entertainment en TSG Entertainment. De distribúsje waard fersoarge troch it grutte Amerikaanske label 20th Century Fox. It budget foar de film bedroech earne tusken de $81 en 94 miljoen.

 
In parsekonferinsje op 'e San Diego Comic Con yn 2014: Sofia Boutella en Samuel L. Jackson wiuwe nei it publyk; lofts glimket Colin Firth; Sophie Cookson (uterst lofts) en Taron Egerton (uterst rjochts) steane fan 'e kamera ôfkeard.

Casting bewurkje seksje

Foar de haadrol fan Harry Hart waard akteur Colin Firth oanlutsen, en de jonge Taron Egerton spile Eggsy. Yn 't earstoan ferskynden der berjochten yn 'e media dat de smjunt Richmond Valentine spile wurde soe troch Leonardo DiCaprio, mar Vaughn sei letter dat it spyljen fan DiCaprio yn Kingsman like wierskynlik west hie "as dat ik nochris paus wurde sil." Uteinlik wie it Samuel L. Jackson dy't de rol fan Valentine taparte krige. Dyselde sei letter dat er de rol oannommen hie fanwegen syn libbenslange winsk om yn in James Bond-film te spyljen, dy't nei alle gedachten nea yn ferfolling gean soe. Hy miende dêrom dat de rol fan Valentine syn iennichste kâns wie om nochris in grutte James Bond-eftige smjunt te spyljen. Jackson joech Valentine yn syn fertolking in lispeljende manear fan praten, eat dat foar in diel ynjûn wie troch it stammerjen dêr't er sels yn syn jonkheid mei kampte.

Wat de byrollen oanbelange, keas Vaugh foar de ûnbekende Sophie Cookson as Roxy, de froulike Kingsman-agint, wêrby't er mear foar de hân lizzende kandidates as Emma Watson en Bella Heathcote ôfwiisde. Feteraan Michael Caine waard cast yn 'e rol fan Chester King ('Arthur'), it haad fan 'e Kingsman-organisaasje. De rol fan moardneresse Gazelle gie nei de Algerynske aktrise Sofia Boutella. Star Wars-stjer Mark Hamill waard troch Vaughn-en-dy oanlutsen foar de byrol fan perfester James Arnold, in ferwizing nei it feit dat dat personaazje yn it stripboek fan Gibbons en Millar dêr't de film op basearre wie, de namme 'Mark Hamill' hie.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Kingsman: The Secret Service begûnen op 6 oktober 2013 yn Deepcut, yn it Ingelske greefskip Surrey. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn Hertfordshire, en foar in part ek yn 'e Pinewood Studios, yn Buckinghamshire.

Distribúsje bewurkje seksje

Kingsman: The Secret Service gie op 13 desimber 2014 yn Austin (Teksas) yn premiêre ûnder it filmfestival Butt-Numb-A-Thon. Neitiid folge op 14 jannewaris noch in formele galapremiêre yn Londen yn oanwêzichheid fan cast en crew. De film iepene op 29 jannewaris 2015 yn 'e Britske bioskopen en op 13 febrewaris fan dat jier yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten. Op 15 maaie 2015 kaam de film út as digital HD-format en op 9 juny fan datselde jier waard er ek útbrocht as blu-ray en dvd.

 
Taron Egerton.

Sinsuer bewurkje seksje

Yn it grutste part fan Latynsk-Amearika en yn Yndoneezje waard de sêne mei de massale fjochtpartij yn 'e tsjerke yn Kentucky, dy't troch de makkers fan 'e film as fan krúsjaal belang beskôge waard, troch de sinsuer frijwol hielendal fuortknipt, om't men fan miening wie dat yn in tsjerke net fochten wurde mei. Sadwaande bleau yn dy lannen inkeld de oanrin nei de fjochtpartij en de folgjende sêne mei Harry Hart en Richmond Valentine bûten de tsjerke oer. Dat makke de film foar bioskoopgongers sûnder foarkennis frijwol ûnbegryplik.

Untfangst bewurkje seksje

Filmkritikus Jordan Hoffman skreau oer Kingsman: The Secret Service yn 'e Britske krante The Guardian: "De geast fan 007 is hielendal oer dizze film hinne smaard, mar Vaughn syn skript [...] hat in fergunning om grappen te meitsjen. [...] Net ien dy't by de produksje belutsen wie, kin leaud hawwe dat se serieus nommen wurde soene as se sa'n healwize James Bond-film makken." Hy wie lykwols posityf oer de film, oars as Peter Bradshaw, dy't ek foar The Guardian skreau. Dy betitele Kingsman: The Secret Service as "in spytgnyskjende spionaazjeparody, dy't in nuveraardich gebrek oan sjarme oan 'e dei leit en efterhelle is op manearen dy't de makkers net bedoeld hawwe."

Guon resinsinten hiene krityk op 'e ôfbylding fan geweld yn Kingsman: The Secret Service, dy't te grafysk wêze soe foar in komeedzje, mar te ûnreälistysk foar in serieuze film. Dêrby gie it fral om 'e bizarre fjochtpartij oan 'e ein fan 'e film, mei in frou mei twa swurden as skonkprotezes. Dat waard lykwols net altyd as in neidiel foar de film beskôge. Sa skreau Anthony Lane yn The New Yorker: "Der binne net in soad resinte films dy't it safier socht hawwe as Kingsman, en ûntelbere sjoggers sille genietsje fan it dryste entûsjasme fan 'e healwize optinkings." Yn The New York Times joech Manohla Dargis ta dat se fan 'e film genoaten hie, mar tagelyk bekritisearre se Vaughn syn brûken fan geweld as filmysk wurktúch, dat se omskreau as "ferteltechnyske overkill". Ek Peter Sobczynski fan 'e webside RogerEbert.com, dy't de film twa fan fjouwer stjerren joech, bekritisearre it oergebrûk fan geweld, nettsjinsteande "de cartooneske werjefte".

 
Sofia Boutella.

Ek de suggestje fan anale seks oan 'e ein fan Kingsman: The Secret Service foel lang net by alle resinsinten yn goede ierde. In fierder kritykpunt wie it âlderwetske gedachteguod fan 'e film. Jason Ward, dy't foar The Guardian skreau, fûn dat "[a]lles oan Kingsman inkeld bestiet om te ferblomjen dat [de film] deeglik konservatyf is." Sa tocht er de filmmakkers, foar it betinken fan it plan fan Richmond Valentine, it wiere motyf ta om it wurk fan miljeu-aktivisten te ûndermynjen. Ignatiy Vishnevetsky wie it dêr yn in resinsje yn The A.V. Club mei iens. Hy skreau: "It probleem is dat de film echt in lust foar it each is, teminsten wat fisueel ûntwerp oanbelanget, ek al is it dreech om 'e hânmakke moade, de futuristyske gadgets en it aristokratyske dekôr te skieden fan 'e efterhelle wrâldbeskôging dy't derút sprekt."

Nettsjinsteande boppeneamde kritykpunten krige Kingsman: The Secret Service oer it algemien positive resinsjes. Benammen de aktearprestaasjes, de filmmuzyk en de swarte humor waard tige wurdearre. De webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, joech de film in goedkarringspersintaazje fan 74% op basis fan 238 ûnderskate resinsjes. De bygeande tekst neamde Kingsman: The Secret Service "stylfol, subversyf en fral fermaaklik."

Resultaat bewurkje seksje

Yn totaal brocht Kingsman: The Secret Service $414,4 miljoen op, wêrfan $24,2 miljoen yn it Feriene Keninkryk, $128,3 miljoen yn 'e Feriene Steaten en Kanada, en $261,9 miljoen yn 'e rest fan 'e wrâld. Ofset tsjin in budget fan $81 oant 94 miljoen kaam dat del op in skjinne winst fan $320 oant 333 miljoen. Yn 'e bioskopen hie Kingsman benammen konkurrinsje fan Fifty Shades of Grey, dat tagelyk útkaam. Kingsman: The Secret Service wûn yn 2015 de Empire Award yn 'e kategory bêste Britske film. In ferfolch, mei as titel Kingsman: The Golden Circle gie yn septimber 2017 yn premiêre. Vaughn wie op 'e nij regisseur en ek deselde cast kearde werom, ynsafier't dy it earste diel oerlibbe hie. Foar 2019 stiet in twadde ferfolch yn 'e Kingsman-rige op steapel en foar twa oare films wurde (anno 2018) tariedings makke.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.