Kippenburch is in buorskip en lânhûs yn de gemeente De Fryske Marren. De buorskip leit oan de De Luts súdwestlik fan Balk. De namme komt krektas hotel Hanenburg fan it wat gekoanstekkerich oantsjutten fan in boerepleats. It lânhûs Kippenburch is in ryksmonumint [1]

Lânhûs Kippenburg
Oantinken oan de eardere funksje fan Kippenburg

Lânhûs Kippenburg bewurkje seksje

Sawat 300 meter fan de Luts liet grytman Gerard van Swinderen oan it begjin fan de 19e iuw in hinnefokkerij en in lânhûs op de 26 ha. grûn sette. Doe't de fokkerij net mear genôch oplevere waard it hûs ta herberch ferboud. Yn 1985 waard it hotel sluten en it gebou restaurearre. It kin no hierd wurde. Yn de pleats sit no in dekstasjon en der is in maneezje by. It is yn eigendom by in neisiet fan de famylje Van Swinderen.

Der is tsjinoer de útgong fan it gebou, op it plak fan de âlde gersdrûgerij, in sintrum foar jongerein boud.

Kippenburch wie yn 1992 in dekôr foar de film Voor een verloren soldaat fan regisseur Roeland Kerbosch.

Lângoed bewurkje seksje

Nei mear as in iuw wurdt der wer in Wyldemerk holden. Sûnt 1338 wie dat in jiermerk, mar sûnt 2003 is it in kultuer-histoarysk evenemint mei in soad teäter. Der wurde streekprodukten ferkocht en boppedat fine jo der trûbadoers, ferhalefertellers, muzyk en hynstesport.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: