Kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld

De kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Latynske namme: Caviomorpha) foarmje in lytsskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) en it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi). Ta dizze taksonomyske groep hearre û.m. soarten as de kavia, de tsjintsjilla, de oerzon (of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch), de as eksoat ek yn Nederlân foarkommende beverrôt, en de kapibara, it grutste kjifdier fan 'e wrâld. De kjifstikelbaarchdieren fan 'e Nije Wrâld binne yn it ferline in hoartsje bûten it skift fan 'e kjifdieren pleatst, mar wurde no rûnom erkend as ûnderdiel derfan.

Kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld
In kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), it grutste kjifdier fan 'e wrâld.
In kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), it grutste kjifdier fan 'e wrâld.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
lytsskift: kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha)
Wood, 1955

Fersprieding en ûntwikkeling bewurkje seksje

De kjifstikelbaarchdieren fan 'e Nije Wrâld komme op ien soarte nei (de oerzon, út Noard-Amearika) útslutend foar yn Súd- en Midden-Amearika. De ierst bekende fossilen fan kjifdieren yn Súd-Amearika datearje út it lette Eoseen. Tsjin it lette Oligoseen hiene alle wichtige famyljes fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan 'e Nije Wrâld har ûntwikkele. Mei't Súd-Amearika yn dy tiid oan alle kanten troch seeën omjûn wie, is it net alhiel dúdlik hoe't kjifdieren dêre bedarre binne. De measte teoryen dy't datoangeande troch saakkundigen op 't aljemint brocht binne, geane derfan út dat se op flotten fan mangrove of oar driuwhout de (doe folle smellere) Atlantyske Oseaan oerstutsen wêze moatte út Afrika wei. Sokke teoryen wurde ûnderstipe troch de oerienkomsten yn molekulêr materiaal fan 'e ierste kjifstikelbaarchdieren fan 'e Nije Wrâld en de âldere groepen kjifstikelbaarcheftigen út Afrika. De oerzon soe dan letter út Súd-Amearika oer de Middenamerikaanske lânbrêge oerstutsen wêze nei Noard-Amearika.

De wichtichste alternative teory wol hawwe dat de foarâlden fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan 'e Nije Wrâld har yn Aazje ûntjûn hawwe. Se soene (krekt as letter de minske) yn in iistiid oer de lânbrêge troch de Beringstrjitte Noard-Amearika berikt hawwe en dêrwei meitiid nei Súd-Amearika ta ôfsakke wêze. Neffens dizze teory soe de oerzon dus net in lettere kolonisaasje, mar in restant fan 'e oarspronklike fersprieding fertsjintwurdigje. Yn Laos is frij resint noch in nije kjifdieresoarte ûntdutsen, de Laotiaanske rotsrôt, dy't ta de lang as útstoarn beskôge famylje fan 'e Diatomyidae bliek te hearren. Hoewol't dit bist earst as in kjifstikelbaarchdier beskôge waard, hat neier ûndersyk útwiisd dat er dat dochs net is, al is er wol nau mei de kjifstikelbaarchdieren besibbe. Yn elts gefal smyt dizze ûntdekking wol in nij ljocht op 'e Aziatyske oarsprongsteory, mei de Laotiaanske rotsrôt de iennichste libbene kjifstikelbaarcheftige is, dy't yn syn fersprieding folslein ta Aazje beheind is.

Klassifikaasje bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.