Klaeiterpstermole

De Klaeiterpstermole is in poldermole en ryksmonumint by de buorskip Yndyk by it doarp Boazum yn de gemeente Littenseradiel.

De Klaeiterpstermole yn 2010

De Klaeiterpstermole is in net mealreeë Amerikaanske wynmotor fan it merk Hercules, type Metallicus. Hy waard makke troch de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden en ymportearre troch hannelsmaatskippij Stokvis en Soannen út Rotterdam. De mole mei 30 blêden, dy't mear as in kilometer benoardeasten Boazum oan in opfeart fan de Swette stiet, waard yn 1918 of 1920 setten foar it bemeallen fan het Boazumer Nijlân. Hy hearde by de fiif Amerikaanske wynmotors, dy't as ferfangers fan 58 tradisjonele wynmoles mei inoar it gebiet fan it eardere wetterskip De Easterwierrumer Aldfeart bemealle moasten.

Yn 2008 wie de mole, dy't swiere stoarmskea oprûn hie, foar in part demontearre. It Wetterskip Fryslân, dat de mole yn eigendom hie, liet de mole yn 2009 restaurearje. De wynmotor is eigendom fan Stichting Waterschapserfgoed en net iepen foar publyk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: