Kleärchus fan Sparta

Kleärchus fan Sparta (Aldgryksk: Κλέαρχος, Kléarchos; Sparta, ±450 f.Kr.Kûnaksa (Mesopotaamje), 3 septimber 401 f.Kr.) wie in Aldgryksk generaal dy't yn 'e Peloponnezyske Oarloch foar syn thússtêd Sparta focht. Letter waard er foar oerhearrigens troch de Spartaanske autoriteiten fûgelfaai ferklearre, wêrnei't er as hierling tsjinst naam yn it leger fan 'e Perzyske prins Syrus de Jongere. Nei de nederlaach yn 'e Slach by Kûnaksa waard er mei de oare Grykske legeroanfierders troch de Perzen ferriedlik fermoarde.

Kleärchus fan Sparta
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Κλέαρχος (Kléarchos)
nasjonaliteit Spartaansk
berne ±450 f.Kr.
berteplak Sparta
stoarn 3 septimber 401 f.Kr.
stjerplak Kûnaksa (Mesopotaamje)
etnisiteit Gryksk
wurkpaad
heechste rang generaal (strategos)
befel de Tsientûzen
konflikt(en) Peloponnezyske Oarloch
Fjildtocht fan de Tsientûzen
treffen(s) Slach by Kûnaksa

Libben bewurkje seksje

Oer it iere libben fan Kleärchus is net folle bekend. Hy wie de soan fan Ramfias, en moat omtrint de midden fan 'e fyfde iuw f.Kr. berne wêze. Under de Peloponnezyske Oarloch waard er yn 411 f.Kr. oan it haad fan in Spartaanske float nei de Hellespont ta stjoerd, dêr't er gûverneur fan Byzantium waard. Syn autoritêre hâlden en dragen makken him lykwols by de befolking fan dy stêd tige ympopulêr, en yn 409 f.Kr. waarden ûnder syn ôfwêzigens de stedspoarten iepene foar de Ateenske belegerders ûnder lieding fan Alkibiades.

Neitiid kearde Kleärchus werom nei Sparta en frege de machthawwers dêre, de efoaren, om in leger wêrmei't er it near lizze koe op 'e ynterne strideraasjes yn Byzantium en teffens de stêd en Grykske buorstêden beskermje koe tsjin oanfallen fan 'e Trasiërs. Dat leger krige er, mar hy wie noch mar op 'e Lâningte fan Korinte doe't de efoaren ûntdieken dat de boargers fan Byzantium him as in tiran beskôgen, in feit dêr't Kleärchus sels harren mar net mei lestich fallen hie. Hja stjoerden in boadskipper efter him oan om him werom te roppen, mar Kleärchus keas derfoar om dat befel yn 'e wyn te slaan en troch te marsjearjen nei Byzantium. Sadwaande waard er troch de efoaren fan Sparta fûgelfaai ferklearre.

Werom yn it noarden befocht Kleärchus de Trasyske stammen mei súkses, en wûn dêrby de temûke stipe fan 'e Grykske stêden dy't er dêrmei ûntsette. Hy rekkene der nei alle gedachten op dat syn súksessen op it slachfjild de autoriteiten yn syn thússtêd derfan oertsjûgje soene om syn oerhearrigens mei de mantel der leafde te bedekken, mar datoangeande kaam er bedragen út.

Doe't de Perzyske prins Syrus de Jongere hearde dat der deunby de grins in Gryksk leger fan sa'n goede reputaasje aktyf wie, stjoerde er gesanten mei in bêste ponge jild om Kleärchus oer te heljen en jou him mei syn mannen by Syrus syn eigen leger. Neffens de Aldgrykske skriuwer Ksenofon, dy't eachtsjûge fan 'e hiele fjildtocht wie, fertelde Syrus der net by dat er in rebûlje tsjin syn âldere broer, de Perzyske kening Artakserkses II tarette, mar inkeld dat er oarloch fiere woe tsjin Tissafernes, de satraap fan 'e Perzyske provinsje Ioanje, en tsjin 'e opstannige Pisidiërs.

Kleärchus akseptearre Syrus syn oanbod, net fanwegen it jild, mar om't er him derfan bewust wie dat syn rol úteinlik útspile wêze soe as er yn Grikelân bleau, dêr't er mei syn oerhearrigens syn eigen glêzen yngoaid hie. Hy liet in garnizoen yn Byzantium efter ûnder lieding fan Heliksus fan Megara en stiek sels oan it haad fan 1.000 Grykske hopliten, 800 Trasyske peltasten en 200 Kretinzyske bôgesjitters oer nei Lyts-Aazje. Kleärchus syn leger wie mar ien fan 'e Grykske kontinginten dy't Syrus oanlutsen hie om as karkloft foar syn gruttere Perzyske troepemacht te tsjinjen. Yn totaal wiene der omtrint 10.000 Griken, dy't har om dy reden de Tsientûzen neamden.

Under de fjildtocht troch Lyts-Aazje kaam foar de Griken pas doe't se al by Tarsus wiene, oan it ljocht dat se tsjinst nommen hiene yn in leger dat it yn 'e kant sette tsjin 'e kening fan 'e Perzen. Dêrop wegeren se earst noch fierder op te tsjen, oant Kleärchus harren ta in fierdere opmars oerhelle. It wie op dat punt dat twa oare legeroersten, Ksenias fan Arkaadje en Pasion fan Megara, desertearren, en mei 2.600 fan harren mannen it leger ferlieten. De oare 2.000 ûnderhearrigen fan dy beide generaals joegen har doe by Kleärchus syn kontingint.

Uteinlik metten de legers fan Syrus en Artakserkses inoar yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, yn it hert fan it Perzyske Ryk. Hoewol't de Tsientûzen troch harren effektivere taktiken stânholden tsjin it folle gruttere leger fan 'e kening, waarden Syrus syn Perzyske troepen útinoarslein en kaam de rebelske prins sels op it slachfjild om. De Griken namen dêrop in definsive posysje yn en rekken besingele troch it ûnbidige Perzyske leger. De Perzen nûgen de Grykske oanfierders út foar ûnderhannelings oer harren ôftocht nei de kust, mar dat bliek in mûklaach te wêzen, wêrby't de generaals Kleärchus, Proksenus fan Boeoasje, Menon III fan Farsalus, Agias (mooglik deselde as Sofainetus fan Stymfaalje) en Sokrates fan Acheä mei ferskate oare ofsieren ferriedlik troch de Perzen fermoarde waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.