Kleaster Mariëngaard

It Kleaster Mariëngaard of Kleaster Mariëngaarde wie fan 1163 oant 1570 in Norbertynsk kleaster by Hallum.

Tekening fan de ruine fan it kleaster troch Abraham Rademaker (om 1725 hinne)
Monumint by de pleats op it eardere plak fan it kleaster

Stifting bewurkje seksje

Mariëngaard waard yn 1163 stifte troch Freark fan Hallum, doedestiids pastoar fan Hallum. De offisjele namme wie Hortus sanctae Maria, it hôf fan de hillige Marije. De namme soe ôflaat wêze kinne fan it kleaster Mariënweerd by Beesd. Freark fan Hallum hie dêr nammentlik bannen mei, om’t hy him dêr yn de wizânsjes fan Norbertinen ferdjippe hie. Fierders wurdt der wol tocht dat er jild dat er fan syn mem erfd hie, brûkt hat foar it stiftsjen fan it kleaster. As meistiftsters wurde neamd Sia fan Martena en Geertruid fan Blije. Dy lêste sil in Aebinga west hawwe.

It kleaster wie ynearsten in frije fêstiging en in dûbelkleaster. Letter yn 1170 waard it kleaster splist. Foar de froulju waard it frouljuskleaster Bethlehem stifte.

Bân mei de oarder bewurkje seksje

Om in kleaster rjochten te jaan, moast it erkenning fan de oarder hawwe. Dêrom moast der in memmekleaster socht wurde. It wie net fanselssprekkend dat Freark dêrfoar it kleaster Mariënweerd útkeas. Yn Fryslân, dat hearde ta de biskop fan Utert waard de biskop wantroud. Hy wie net allinne in geastlike mar hy hie ek wrâldsk besit. Dêr waard Fryslân ek ûnder rekkene. De bannen tusken de biskop en Mariënweerd wienen tige nau, en om't in memmekleaster it tasicht hie op in dochterkleaster koe dit politike gefolgen hawwe. Dêrom hat Freark it kleaster Steinfurt yn Dútslân útsocht foar memmekleaster. Dat hie gjin politike bannen. In oare faktor kin ek west hawwe dat Steinfurt earst in Benediktiner kleaster west hie. De Benediktiners leinen har ta op it kweken fan gewaaks. Dy tradysje is yn Steinfurt troch de Norbertinen oernommen. Sa koenen de kleasterpleatsen fan Fryske Norbertiner kleasters wurde ta wat no "modelpleatsen" hjitte. Dat joech ek wer romte foar inisjativen foar de hierders.

Opfolgers bewurkje seksje

  • Freark waard opfolge troch Enno. Dy hat in protte wurk fersetten foar de útwreiding fan de gebouwen. Hy gie sels nei Dimter om dowestien te keapjen.
  • De twadde opfolger fan Freark, Siardus, wurdt beskreaun as in from en ienfâldich man. Hy woe it abtsgewaad net drage as broer ûnder de bruorren. Hy wurke sels mei op it lân en gie it swiere wurk net út ‘e wei.
  • Syn opfolger Sibrandus wurdt beskreaun as in swiere keardel dy’t fan lekker iten hold. Syn saaklik ynsjoch wurdt priizge.
  • Nei Sibrandus komt Jarichs (Jargelius). Hy wie in geleard man en wie bekend om syn preken. Nei twa jier is er ôfgien as abt.
  • Syn opfolger wie Ethelgerius, ek bekend as Ethelger Jelger. Hy kaam út in Ljouwerter aadlike famylje dy’t besibbe wie oan de Camminga’s. Ethelgerius wie foaral politikus en kaam ek op foar de belangen fan de Camminga’s. Ethelgerius hat it klear krige dat der yn Ljouwert in dominikaner kleaster kaam. De kleasterkapel, dy’t no de Grutte of Jacobiner tsjerke neamd wurdt, waard de grêftsjerke fan de Camminga’s.

Utwreiding bewurkje seksje

Ek Mariëngaarde hat dochterkleasters stifte. Sawol yn Fryslân as dêr bûten. It earste kleaster wie Kleaster Lidlum by Tsjummearum en it Bouwekleaster ûnder Droegeham. Ek wie der in úthôf yn Bakkefean. Ut it fean dêr waard de branje helle.

Ek krigen de Norbertinen de tsjerke fan St. Vitus fan Aldehou yn harren besit. De haadpryster fan Aldehou wie ek deken fan it dekanaat Ljouwert. Sa krigen de Norbertinen, mei stipe fan de Camminga’s, ek politike ynfloed. Troch’t se in protte lân krigen om foar ferstoarnen te bidden, kamen der sa’n 10 úthôven, foaral yn Eastergoa.

Fierders hearde ek it Kleaster Mariënhof op it eilân Marken by Hollân ta it besit fan Mariëngaarde. Dat kleaster waard yn 1345 troch de Hollanners dy't de Slach by Warns ferlern hiene ferneatige, de mûntsen waarden allegear fermoarde.

Troch dy útwreiding gie it kleaster as geastlik sintrum efterút. Der wienen op ‘en doer mar in hiel bytsje kleasterlingen yn Mariëngaarde. Boppedat holden de jeften op.

Ein bewurkje seksje

 
Dizze kop-hals-romppleats stiet op it plak fan it eardere kleaster.

It kleaster rûn efterút. Om it kleaster yn stân te hâlden kamen der hieltyd mear net-Fryske bewenners. Yn 1570 besleat de paus dat it besit fan Mariëngaarde brûkt wurde moast foar it ûnderhâld fan de nije biskop Cunerus Petri. As treastpriis waarden de oerbleaune kleasterlingen beneamd ta leden fan it kapittel, de gemienskip fan prysters fan de St. Vitus.

In part fan it kleaster is doe ôfbrutsen. Doe’t yn 1580 de kleasters sletten binne, is de kleasterkapel stean bleaun. Om Mariëngaarde hinne lei in lytse parochy. Dy kapel hat der noch lang stien. Op in tekening út om 1730 hinne fan Pieter Poorter stiet noch in bewenne boufal. No stiet der in pleats op it eardere plak fan Mariëngaarde.

Op 14 septimber 1963 waard yn Hallum de stifting fóar 800 betocht en waard by pleats It Kleaster in ienfâldich monumint mei opskrift ûntbleate. It is boud fan kleastermoppen en dekt mei romaanske pannen.

De kapel bewurkje seksje

De kapel, wijd oan Maria en Jehannes de Evangelist, makke in wichtich part út fan it geastlik libben yn Fryslân. Nei de dea fan Freark waard er as Fryske hillige fereare en ek de abt Siardus waard ta de Fryske hilligen rekke. Fan Siardus, stoarn om 1230 hinne, wurdt tocht dat er út it laach fan de Hensema’s kaam. Siardus is opnommen yn de feestkalinder fan de Norbertinen. Syn feestdei is op 13 novimber. As bern al hie Freark him opnommen yn Mariëngaarde. Der waarden beafearten ûndernommen nei de grêven fan dy hillige mannen. It kleaster waard sa in mulpunt fan hilligeferearing. Nei 1580 binne de oerbliuwsels fan Freark en Sidarus út de kapel helle, mar guon fan it âlde leauwe gienen noch foar foarbea nei de kapel. Sels yn 1622 wurdt dat noch neamd. De ferearing fan Siardus liket in grutter plak ynnommen te hawwen as dy foar Freark. Siardus syn oerbliuwsels binne no yn de Belgyske abdij Tongerlo.

Sjoch ek bewurkje seksje