Mei de term kleurefilm kin ferwiisd wurde nei in ûnbeljochte kleurefotografyske filmrol dy't geskikt is om yn in filmkamera brûkt te wurden, mar yn 'e regel is it in beneaming foar in foltôge film mei bylden yn kleur, dy't klear is om mei in projektor ôfspile te wurden. De earste kleuresinematografy fûn plak troch additive kleurmingingssystemen lykas dat dêr't de Ingelsman Edward Raymond Turner yn 1899 oktroai foar krige, en dat yn 1902 foar it earst test waard. In ferienfâldige additive kleuresysteem waard yn 1909 yn it Feriene Keninkryk mei súkses yn 'e hannel brocht ûnder de namme Kinemacolor. Sokke iere kleuresystemen kleuren swart-wytfilms troch se te projektearjen troch filters yn ferskillende kleuren.

In still (foto) fan 'e testfilm makke troch Edward Raymond Turner yn 1902.

Yn 1916 yntrodusearre Kodak it earste systeem foar subtraktive kleurminging. Dêrfoar waard ek swart-wytfilm brûkt om ferskate kleurefiltrearre boarnebylden te fotografearjen, mar it einprodukt wie in mearkleurige print foar de fertoaning wêrfan't gjin spesjale projeksje-apparatuer nedich wie. Yn 1922 ûntstie in nij proses fan it Technicolorsysteem, wêrby't films ynkleure waarden by de opnamen. Neitiid waard dat systeem troch de desennia hinne noch ferskate kearen ferbettere. Yn 'e filmyndustry fan Hollywood wie Technicolor tusken 1922 en 1952 it meast brûkte kleurproses, en neitiid krige it suver in monopoalje. Foar 1932, doe't Technicolor in trijestripsprosedee ynfierde, waarden foar kommersjele subtraktive kleuresystemen mar twa kleurekomponinten brûkt, wat betsjutte dat der mar in beheind kleurberik beskikber wie.

It duorre frij lang ear't de kleurefilm de swart-wytfilm ferkrongen hie. De earste moderne kleurefilms wiene in stikmannich koarte tekenfilms út 1932. Dêrnei krong kleur ek troch yn koarte live-actionfilms, en doe yn in pear isolearre sênes yn guon langspylfilms. Yn 1935 waard foar it earst in hiele langspylfilm yn kleur makke, Becky Sharp, mar ek dêrnei noch waarden oant yn 'e 1950-er jierren in soad swart-wytfilms produsearre. De reden dêrfoar wie dat kleurefilms rottekrûddjoer wiene, sadat de filmmakkers der tsjinoan skytskoarren. Wat úteinlik de trochslach joech, wie dat kleurefilms yn 'e bioskopen folle mear publyk loeken as swart-wytfilms. En dêr hiene de filmmakkers ferlet fan, want fan 'e iere 1950-er jierren ôf belune it bioskoopbesyk sterk fanwegen de tanimmende beskikberheid fan (swart-wyt)tillefyzje. Guon wichtige Hollywoodfilms waarden tsjin 'e midden fan 'e 1960-er jierren noch yn swart-wyt makke, mar dy markearren de wiere ein fan it swart-wyttiidrek. Tsjin dy tiid wie nammentlik ek tillefyzje yn kleur te ûntfangen, en it Amerikaanske publyk wegere langer noch foar swart-wytfilms te beteljen. Dat twong alle filmstudio's om oer te gean op it meitsjen fan kleurefilms.

Foar oare doelen as it meitsjen fan bioskoopfilms waard yn 1935 Kodachrome yntrodusearre, folge troch Agfacolor yn 1936. Dat wiene kleuresystemen dy't benammen bedoeld wiene foar it meitsjen fan homefideo's en dia's yn kleur. It wiene de earste filmkes fan it integral tripack-type, bedutsen mei trije lagen fan ferskillende kleurgefoelige emulzje, wat de moderne betsjutting (yn fotografyske sin) fan it wurd 'kleurefilm' is. De earste kleurenegativen wiene oanpaste ferzjes fan sokke films. Se waarden al yn 1940 yntrodusearre, mar rekken pas fan 'e iere 1950-er jierren ôf stadichoan ynboargere. Kleurefotografyske films wiene it dominante soarte fan sinematografy oant men yn 'e 2010-er jierren de measte kleurefilms digitaal begûn te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.