De kloekswan of gûlswan (Cygnus cygnus) is in 140-160 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Lytse Swan mar is in stik grutter. De kloekswan is likegrut as de Knobbelswan mar is hjir fan te ûnderskieden troch syn giel mei swarte snaffel, en fansels it ûntbrekken fan de knobbel.

kloekswan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai swannen (Cygnus)
soarte
Cygnus cygnus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding bewurkje seksje

 
Kloekswan op it nêst

De Kloekswan briedt yn it noarden fan Jeropa, bygelyks yn Finlân en Noard-Ruslân. Syn briedgebiet leit krekt súdliker as dat fan 'e Lytse Swan. De swannen oerwinterje meast yn súdlik Skandinaavje of by de Swarte See. Ek briedt de Kloekswan op Yslân, dizze fûgels oerwinterje yn Grut-Brittanje. De soarte docht it goed yn Sweden, Dútslân en Poalen en wreidet him út, itjinge te krijen hat mei mear iten en de oanpassing fan 'e fûgel oan kultuerlân.[1]

Yn Nederlân is it tal pearkes dat hjir briedt tige beheind. Bekend is dat de soarte sûnt 2015 yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld en by Wapserfean bret hat, faaks ek noch yn 'e Weerribben. Winterdeis wurdt de soarte yn hieltiten gruttere oantallen en yn in grut diel fan it lân sjoen, mar de bêste lokaasjes lizze yn it noardeasten: it Lauwersmargebiet en fierder it easten fan Fryslân, de Noardeastpolder, de Rânemar, Drinte en súdeastlik Grinslân.

Iten bewurkje seksje

Lykas de knobbelswan binne de kloekswannen plante-iters. Se gerskje minder as de knobbelswannen en sykje mear nei wetterplanten.

Fuortplanting bewurkje seksje

 
Aai fan 'e kloekswan

Kloekswannen bliuwe har hiele libben by deselde partner. It brieden begjint ôfhinklik fan it klimaat yn it briedgebiet yn april of maaie. It wyfke leit 4-9 aaien dy't nei sa'n moanne brieden útkomme. De jongen kinne nei sa'n 2,5 moanne fleane, mar bliuwe noch de hiele winter by harren âlden.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: