Knut Pedersen (Lom (Oppland), 4 augustus 1859Nørholm by Grimstad, 19 febrewaris 1952), better bekend ûnder it pseudonym Knut Hamsun, wie in Noarsk romanskriuwer. Isaac Bashevis Singer beskôge him as de "heit fan de moderne literatuer", en Kening Haakon neamde him "de siel fan Noarwegen".

Knut Hamsun
skriuwer
Knut Hamsun yn 1909
Knut Hamsun yn 1909
persoanlike bysûnderheden
echte namme Knut Pedersen
nasjonaliteit Noarsk
berne 4 augustus 1859
berteplak Vågå
stoarn 19 febrewaris 1952
stjerplak Nørholm
wurk
taal Noarsk
streaming Neo-realisme, neo-romantisisme
bekendste
  wurk(en)
Mysterier, Victoria, Pan, Paa gjengrodde Stier.
prizen Nobelpriis foar de Literatuer
jierren aktyf 1877–1949
De 14 jierige Hamsun yn Tranøy.
Knut en Marie Hamsun, 1909
fotograaf: Anders Beer Wilse

Yn syn wurk wurdt de ferbûnens fan de minske mei de ierde ferhearlike. Knut Hamsun yn in yntervieuw yn 1910: 'Ik bin woartele yn de ierde en it bosk. Yn de stêd haw ik in keunstmjittich libben, mei kafees en allerhanne yntellektuele ûnsin. Mar ik bin fuortkommen út de ierde. En men moat der net samar fan útgean dat ik allinnich mar dichtsje en fantasearje at ik der oer skriuw'.

De haadfigueren yn syn wurk binne faak outsiders, swalkers yn in persoanlike krisisperoade, dy't harren ydentiteit lykje te sykjen en oaren net sjen litte kinne of wolle wa't hja krekt binne. Dochs kringe se harren yn lytse mienskippen.

Hamsun troude yn 1898 mei Bergljot Goepfert, mar hja binne yn 1906 út elkoar gien. Yn 1908 moete er de 23 jier jongere aktrise Marie Andersen dy't har hiele libben by him bleaun is nettsjinsteande swierrichheden troch Hamsun syn affaires. Hja hat twa dielen memoires skreaun oer har libben mei Hamsun.

Yn 1920 ûntfong Hamsun de Nobelpriis foar de Literatuer foar syn monumintale wurk "Hoe't it waakste", yn it Noarsk: Markens Grøde

Polityke foarkar bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich stipe Hamsun it pro-nazi regear fan Vidkun Quisling, wat syn reputaasje gjin goed die. Hy moete Joseph Goebbels yn 1943 en joech him syn by de Nobelpris hearrende medalje. Yn in besite oan Adolf Hitler, fersocht er him om Josef Terboven te ferfangen as Noarske Reichskommissar.

Nei de oarloch waard Hamsun in skoft opnaam yn in psychiatryske klinyk om te ûndersykjen oft er net in psychyske sykte hie. Yn febrewaris 1946 konkludearren Gabriel Langfeldt, psychiater, en Ørnulv Ødegård, haadarts, dat Hamsun 'bliuwende ferswakke mentale fermogens' hie. Op basis dêrfan is er doe fierders net ferfolge mar yn 1948 feroardiele ta in boete fan 325.000 Noarske kroanen fanwegen kollaboraasje. Yn heger berop waard dat net oars.

De ynfloed fan Hamsun bewurkje seksje

De ynfloed fan Hamsun op de wrâldliteratuer is enoarm west, te fergelykjen mei dy fan 19e-iuwske literêre grutheden as Fjodor Dostojewski en Henrik Ibsen. Gruttte 20e-iuwske skriuwers namen him as wichtich foarbyld, sa as James Joyce (stream of conciousness), Thomas Mann, Franz Kafka, France, Ernest Hemingway, Miller en Hermann Hesse. Benammen syn iere wurk docht noch hieltyd tige modern oan en wie yn dy tiid sûnder presedint. Guon neame Hamsun de earste moderne skriuwer. Syn ynfloed lit him noch hieltyd jilde oant no ta, it dúdlikst yn Skandinaavje, bygelyks by Christensen en Per Olov Enquist. Yn Noarwegen bestiet noch in libbene 'Hamsun-beweging'. Syn hûndertfyftichste bertedei yn 2009 hat in protte omtinken krige.

Bekend wurk bewurkje seksje

Yn it Nederlânsk oerset bewurkje seksje

  • Honger (1890)
  • Mysteriën (1892)
  • Pan (1894)
  • Victoria (1898)
  • Hoe het groeide (1917)
  • De zwerver - Trilogy: Onder herfststerren/Con Sordino/De laatste vreugde
  • De ring gesloten (1936)
  • Langs overwoekerde paden (1949), autobiografysk

Yn it Frysk oerset bewurkje seksje

Films bewurkje seksje

It boek Mystearjes foarme de basis fan in film út 1978 (troch it Nederlânske filmbedriuw Sigma Pictures), fan Paul de Lussanet, mei Sylvia Kristel, Rutger Hauer, Andrea Ferreol en Rita Tushingham yn de haadrollen.

Pan wie de basis foar in Deenske film út 1995, regissearre troch Henning Carlsen.

De biografyske film Hamsun kaam út yn 1996, regissearre fan Jan Troell, mei Max von Sydow as Hamsun.

Literatuer oer Hamsun bewurkje seksje

  • Amy van Marken, Knut Hamsun en de vrouwenfiguren in zijn werk. Proefskrift Gint, 1970. Gjin ISBN
  • Ferguson, Robert. Enigma: The Life of Knut Hamsun Farrar, Straus and Giroux, New York: 1987. ISBN 0-374-52093-3
  • Jørgen Haugan. The Fall of the Sun God. Knut Hamsun - a Literary Biography (Aschehoug Non-Fiction. Oslo, 2004)
  • Humpal, Martin. The Roots of Modernist Narrative: Knut Hamsun's Novels Hunger, Mysteries and Pan International Specialized Book Services. 1999 ISBN 82-560-1178-5
  • Kolloen, Ingar Sletten. Svermeren 2003, biografy
  • Kolloen, Ingar Sletten. Erobreren 2004, biografy
  • Kolloen, Ingar Sletten. Knut Hamsun: Dreamer and Dissident , Yale University Press 2009. ISBN 978-0-300-12356-2

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Knut Hamsun fan Wikimedia Commons.