Ko-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)

De Sint-Bartoloméustsjerke (Italjaansk: Concattedrale di San Bartolomeo) op it eilân Lipari by Sisylje, Itaalje, is de ko-katedraal fan it aartsbisdom Messina-Lipari-Santa Lucia del Mela. De tsjerke leit op in likernôch 60 meter hege rots yn it sintrum fan de sitadel oan de see en is oan de apostel Bartoloméus wijd, dy't de patroanhillige fan de stêd Lipari en de Liparyske eilannen is.

Ko-katedraal Sint-Bartoloméus

Concattedrale di San Bartolomeo

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Lipari
adres Via Castello, 3, 98050 Lipari ME
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1654
boustyl Barok
offisjele webside
Side aartsbisdom

Oant 1986 wie de tsjerke de katedraal fan it bisdom Lipari, mar sûnt de definitive fúzje mei it aartsbisdom Messina yn dat jier is it de ko-katedraal fan it aartsbisdom.

Skiednis bewurkje seksje

 
Alterbyld

Yn 1084 stifte Rogier I yn Lipari de Benediktynske abdij San Bartolomeo. Yn 1095 krige dy abdij alle Liparyske eilannen tawiisd. Tsjinpaus Anakletus II rjochte yn 1131 op fersyk fan kening Rogier II it bisdom Lipari-Patti op, dat it hiele kleasterterritoarium omfieme. De definitive stifting fûn yn 1166 troch paus paus Aleksander III plak. De abdijtsjerke waard doe de katedraal fan it bisdom.

De âlde katedraal waard yn 1544 by in oanfal fan Turkske piraten ûnder lieding fan Khair ad-Din Barbarossa ferneatige. De hjoeddeiske barokke katedraal waard yn 1654 boud, wylst de klokketoer en de gevel út de twadde helte fan de 18e iuw datearje. It boppediel fan de gevel moast yn 1861 nei it ynstoarten op 'e nij boud wurde.

Beskriuwing bewurkje seksje

It ynterieur fan de tsjerke is trijeskippich. De muorren binne fersierd mei fresko's fan âld-testamintyske foarstellings. Fan de oarspronklike abdijtsjerke stamme noch in pear kapitelen út de 11e en 12e iuw.

It barokke alter fan 1725 bestiet út beskildere en fergulde hout. Yn it alter stiet in sulveren byld fan de hillige Bartolomeús út 1728. Ta de tsjerkeskat heart in sulveren busterelikwarium fan de hillige apostel.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:San Bartolomeo (Lipari)