In ko-produksje ("ko-" betsjut "mei-") is in joint venture tusken ferskate bedriuwen by it meitsjen fan in produksje. De term wurdt hast útslutend brûkt yn 'e filmyndustry, de tillefyzjesektor en by de ûntwikkeling fan fideospultsjes. Dêrby giet it faak om ynternasjonale ko-produksjes, wêrby't bedriuwen út ferskate lannen belutsen binne. Ko-produksjes binne in manear om 'e finansiering fan in projekt dêr't hege kosten oan ferbûn binne, rûn te krijen. Boppedat wurde sa ek de risiko's fan in eventueel ferlies útsmaard oer ferskate bedriuwen. Oare foardielen binne dat bedriuwen fan inoars know-how leare kinne en dat de produksje troch belutsenens fan in bedriuw út in beskaat lân tagong kriget ta subsydzjes en de filmmerk fan dat lân.

Yn 'e Jeropeeske filmyndustry is it hiel gewoan dat films ko-produksjes binne. Faak giet it dêrby om produksjes dêr't bedriuwen út twa of trije lannen by belutsen binne, mar ko-produksjes mei bedriuwen út mear lannen komme ek foar. De film Treasure Island, út 1972, wie bgl. in Britsk-Dútsk-Frânsk-Italjaansk-Spaanske ko-produksje. Yn sa'n gefal sprekt men ek wol fan Panjeropeeske ko-produksje. Yn 'e Feriene Steaten is men folle minder bekend mei sokke konstruksjes. De measte ynternasjonale ko-produksjes dêr't Amerikaanske filmstudio's by belutsen binne, omfetsje mar bedriuwen út twa lannen: de Feriene Steaten en meastal it Feriene Keninkryk.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.