Koatstertille, yn de folksmûle ek wol koartwei "De Tille" neamd, is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen. It doarp leit east fan de Burgumer Mar oan it Knillesdjip.

Koatstertille
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal 2.480 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,87 km², wêrfan:
- lân: 7,40 km²
- wetter: 0,47 km²
Befolkingsticht. 330 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12'N 6° 5'E
Lokaasje Koatstertille (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje Koatstertille (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Offisjele webside
FB-side Koatstertille
Kaart
Koatstertille (Fryslân)
Koatstertille

Under it doarp falle ek de buorskippen De Koaten (foarhinne Koaten), Mûntsetille en Opperkoaten.

Koatsterille hat 2.480 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

 
De âlde tsjerke fan Koaten (1722)

Fan oarsprong wie Koaten in boeredoarp (Koaten is ôflaat fan Cottum dat wer komt fan koaterboeren, oftewol "de koaters"). Mei't yn 1571 de Spaanske ofsier en steedhâlder Caspar de Robles de opdracht joech om it Knillesdjip te graven, setten minsken harren nei de omkriten fan de brêge oer it kanaal nei wenjen en ferskode dus in diel fan it doarp. Dy delsetting krige de namme De Tille (de Fryske beneaming foar hege brêge).

Fynsten fan stikken dowestien oan de súdkant fan 'e Alde Dyk ferwize dêr nei it bestean fan in tsjerke út likernôch de 11e-12e iuw, dy't nei alle gedachten oan Sint-Benediktus wijd wie. Der wurdt oannommen dat dy tsjerke al foar de reformaasje ôfbrutsen waard. De tsjerke ferhûze neffens de tradysje letterlik stien foar stien nei it plak dêr't it hjoeddeiske hôf leit (Tillebuorren 45). Fan dy tsjerke bestiet in ôfbyld fan Jacobus Stellingwerf út 1722. Fierders binne fan dy tsjerke allinne in pear kleastermoppen bewarre bleaun. In tredde tsjerke waard boud yn Koaten, dy't foar de arbeiders fan De Tille te fier fuort lei en doe't dy ek wat yn de tsjerkeried te sizzen krigen, lieten hja de tsjerke ôfbrekke en yn 1882 op it hjoeddeiske plak werbouwe.[3]

Yn de 19e iuw ûntstie der mear warberens oan it kanaal. Der kaam in jeneverstokerij, in skipstimmerwerf en der waarden oan it kanaal ferskillende nôt- en oaljemûnen boud. De nôt- en oaljemûne Vries wie de lêste fan de mûnen fan Koatstertille. Dy mûne ferfong de yn 1865 ôfbaarnde nôtmûne fan Ritsma út 1858 en waard yn 'e jierren 1960 nei in eardere ûnttakeling yn 1939 foar in grut part ôfbrutsen. De stiennen romp baarnde yn 1986 ôf en dêrnei is alles opromme.[4].

By it omlizzen fan it kanaal om it doarp hinne ein jierren 1930 ûnstie der tusken de haven en it kanaal in dearinnend stik lân, dêr ferskate bedriuwen gebrûk fan makken. Dat hie ta gefolgen dat De Tille it doarp Koaten benefter liet en dêrom is yn 1959 de doarpsnamme Koaten opgien yn Koatstertille. Troch in wiziging fan it yndustrialisaasjebelied fan it Ryk waard Koatstertille oanwiisd as ûntwikkelingskearn.

Mienskip bewurkje seksje

Yn Koatstertille stiet foar aktiviteiten it MFA It Tillehûs. De ynwenners fan Koatstertille wurde tradisjoneel foar rinkjespuiers útmakke.

Tsjerken bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Benediktustsjerke (Koatstertille).
 
Benediktustsjerke

De PKN-gemeente Koatstertille makket gebrûk fan de Benediktustsjerke. Sûnt 1966 waard fanút Droegeham in grifformeade tsjerke stifte. De grifformearde tsjerke waard yn 2022 foar it lêst brûkt en oerdroegen oan de gemeente om dêr flechtlingen yn op te fangen.[5]

Skoallen bewurkje seksje

 
Koatstertille oan it Knillesdjip
 
Klokkestoel

Ferienings bewurkje seksje

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1955 1960 1964 1969 1973 1992 2000 2004 2006
Ynwenners 961* 1257 1458 1997 2380 2557 2517 2515 2533
Jier 2012 2015 2020
Ynwenners 2547 2502 2432

(*) Koaten

Berne bewurkje seksje

Eveneminten bewurkje seksje

Ferskaat bewurkje seksje

  • Neffens in stien by it poepekrús oan de Harstewei waard dêr yn 1580 in Dútske lapkepoep fermoarde.
  • Yn 1976 begûn minister Jos van Kemenade mei stimulearringsûnderwiis, foar bern mei efterstânsproblemen, ek op de skoallen yn Koatstertille.

Ynfrastruktuer bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

De Strjitten yn Koatstertille

Iepenbier ferfier bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Side PKN-gemeente Koatstertille
  4. Alle Molens, oproppen 25 maaie 2023
  5. Reliwiki, oproppen 25 maaie 2023

 
Achtkarspelen
 
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
wizigje