Koepeltsjerke (Sappemeer)

De Koepelsjerke is in tsjerkegebou oan 'e Noorderstraat yn it Grinslânske Sappemeer.

Koepeltsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Sappemeer
adres Noarderstrjitte 167
koördinaten 53° 09' N 6° 47' E
Arsjitektuer
arsjitekt Coenraet Roelofs
boujier 1655
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22269
Webside
Side Koepeltsjerke, Sappemeer
Kaart
Koepeltsjerke (Grinslân)
Koepeltsjerke

Skiednis bewurkje seksje

 
It oansjen fan de tsjerke foar de rekonstruksje fan de koepel

Mei it oanmeitsjen fan it feangebiet om it hjoeddeiske Sappemeer hinne, waard oan it begjin fan 'e 17e iuw troch it stedsbestjoer fan Grins útein set. Yn 1653 krige in kommisje út 'e Grinzer ried de opdracht om in tsjerke te bouwen neffens it foarbyld fan 'de Koepeltsjerke yn it Brabânske Willemstêd. De boumaster wie Coenraet Roelofs.

Boppe de tagong fan 'e tsjerke is it stedswapen fan Grins oanbrocht en de tekst Ao SENATUS POPULUS QUE GRONINGANUS 1655 ("ried en folk fan Grins"). It dak fan it achthoekige bouwurk waard mei koper belein. De bou koste yn dy tiid goed 13.000 gûne.

Al gau die bliken dat de koepel de lantearne mei dêryn de klok net drage koe. Der waard apart fan 'e tsjerke in tuorke foar de klok boud, mar tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw drige de koepel dochs noch yn te stoarten. De tsjerke krige dêrom yn 1791 in hiel oar oansjen mei twa, inoar krusende, sealtekken. By de restauraasje fan 1990 krige de tsjerke de oarspronklike koepel werom.

Yn 2006 waard de tsjerke oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Ynterieur bewurkje seksje

Yn 'e tsjerke binne fjouwer hearebanken. De brânskildere ramen mei bibelske foarstellings binne oan it begjin fan 'e jierren 1940 yn de tsjerke set.

Oargel bewurkje seksje

De tsjerke hat in twamanualich oargel fan 'e bruorren Van Oeckelen út 1875. Neitiid fûnen der gjin feroarings mear plak. It ynstrumint waard yn 2010 restaurearre troch oargelmakkerij Steendam út Roodeschool.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: