In komeedzjefilm, filmkomeedzje of (mei in Ingelsk lienwurd) comedy is in sjenre fan films dat fuorkomt út 'e komeedzje op it toaniel en dat de klam leit op humor. Sokke films binne bedoeld om 'e sjoggers oan it laitsjen te krijen troch fermaaklik te wêzen, wêrby't faak aparte karaktertrekken fan 'e haadpersoanen útfergrutte wurde ta absurditeit. Komeedzjefilms hawwe ornaris in happy end, benammen as it giet om saneamde romcoms (romantyske komeedzjes). In útsûndering op dizze regel wurdt foarme troch swarte komeedzjes, dy't in grimmitige ûndertoan hawwe. Hoewol't de measte filmkomeedzjes luchtige ferhaaltsjes binne dy't inkeld bedoeld binne om te fermeitsjen, befetsje guon in maatskiplik of polityk boadskip. Dat wie bgl. sa mei The Great Dictator, út 1940, wêryn't Charlie Chaplin Adolf Hitler parodiëarre, en mei Wag the Dog, út 1997, wêryn't de Amerikaanske polityk op 'e hak nommen waard.

De komeedzjefilm is ien fan 'e âldste filmsjenres. Yn 'e tiid fan 'e stomme film wie it subsjenre fan 'e slapstickfilm tige wichtich (mei bgl. Laurel en Hardy of Charlie Chaplin), wêrby't de humor fan needs op fisuële grappen berêste dy't gjin ferlet hiene fan lûd. Doe't ein tweintiger jierren de earste films mei lûd makke waarden, resultearre dat yn in oar soarte fan komeedzje, wêrby't de grappen net mear sasear út fysike humor fuortkamen, mar fral út dialooch en aparte sitewaasjes. Yn it hjoeddeistige komeedzjefilmsjenre wurdt, yn ferliking mei oare filmsjenres, folle mear klam lein op yndividuële stjerren, wêrby't benammen yn 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood in hiel protte komiken oan in aktearkarriêre begjinne fanwegen harren grutte populariteit as komyk (bgl. Eddie Murphy en Chris Rock).

Subsjenres bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.