De Kongo is mei in lingte fan 4373 kilometer nei de Nyl de langste rivier fan Afrika. De rivier is in wichtige skipfeartferbining foar Sintraal-Afrika.

Rin fan de Kongo yn Kongo

De Kongo hat it op twa nei grutste debyt fan de wrâld en it op ien nei grutste streamgebiet. It streamgebiet is 3.680.000 km² grut en befetsje in oerflak fan 2 345 000 km². De Kongo ûntspringt yn de provinsje Katanga yn Kongo-Kinshasa mei as boarne de rivieren Luapula en Lualaba, en mûnet oan de grins mei Angoala út yn in 40 kilometer brede baai oan de Atlantyske Oseaan. Under it seewetter streamt de Kongo noch 150 kilometer troch.

De mûning fan de Kongo waard yn 1482 ûntdekt troch de Portugeeske ûntdekkingsreizger Diogo Cão; Henry Morton Stanley wie de earste Europeaan dy't de hiele rivier ferkend hat.

De Kongo is 4373 kilometer lang (4667 kilometer as ek de Chambeshi meirekkene wurdt, dy't fia de Lualaba yn de Kongo streamt), en hat in protte streamfersnellingen en wetterfallen, wêrûnder de Livingstonewetterfallen. Dy twa meitsje skipfeart op de rivier ûnmooglik.

Hu bestiet út trije parten:

  • Boppenrin: Fan de boarne oant Kisangany
  • Middenrin: Fan Kisangany oant Kinshasa
  • Benedenrin: Fan Kinshasa oant Matady

Goed 3000 kilometer fan de Kongo kin befarre wurde en foarmet in wichtige skipfeartsferbining. De rivier fied ek de Inga-daam, dêr't elektrisiteit mei opwekt troch wetterkreft. Yn de omkrite fan Kisangany en tusken Kinshasa en Matady binne spoarwegen oanlein om dizze wetterfallen passearre te kinnen. Allinnich tusken Kinshasa en Matady bestean bygelyks al 38 wetterfallen.

In protte transport yn Sintraal-Afrika giet oer de Kongo; ûnder oare fan koper, palmoaje (yn de foarm fan palmpitten), sûker, kofje en katoen.

Grutte sydrivieren bewurkje seksje

Wichtige plakken oan de Kongo bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje