In kontrafakt (fan it Latynske contrafactum) is in liet mei in nije tekst op in besteande meldij.

Kontrafakten wurde faak skreaun foar gelegenheden as in brulloft. By ditsoarte gelegenheden is der net de romte om in nije meldij te komponearjen en yn te studearjen, dus wurdt faak in besteand wyske nomd dêr't in oare tekst op makke wurdt. It is dan net nedich de muzyk yn noateskrift te fermelden, en kin folstien wurde mei it neamen fan de titel fan it bekende liet.

Yn de skiednis fan it liet komme in soad kontrafakten foar. Sa binne der bygelyks yn it Lieteboek foar de Tsjerken lieten te finen mei teksten fan tweintichste-iuwske skriuwers op folle âldere psalmmeldijen. Ek it Wilhelmus, it Nederlânske folksliet, is in kontrafakt.

Guon bibelske psalmen binne ek kontrafakten. Der stiet dan in oanwizing boppe as Op de wize van "De achtste". Sa'n oanwizing wie trouwens ûnûntwynber omdat de minsken yn de âldheid gjin muzykskrift koene. Dêrtroch binne de âlde meldijen fan de psalmen net oerlevere.

Yn santjinde en achttjinde-iuwske lieteboekjes en lieteblêdsjes binne in soad kontrafakten te finen: nije sankjes mei in wizeoantsjutting dy't ferwiist nei in al bekend sankje. De wizeoantsjutting stiet meastentiids boppe it nije liet en begjint mei de oantsjutting as “Op de wize fan (...)” , folge troch de earste wurden fan de begjinrigel fan it besteande liet.

Ek nije berneferskes wurde bytiden makke op de wize fan besteande berneferskes: Swarte Pyt soe te fytsen, doe knapte syn bân op de meldij fan Oer wâljende weagen, oer bruzjende see

Literatuer bewurkje seksje

  • L.P. Grijp, Het Nederlandse lied in de Gouden Eeuw (Amsterdam, 1991). Hjiryn ûnder oare: Definysjes, Algemiene ferklearring fan de kontrafaktuer; De geastlike kontrafaktuer; De wrâldske kontarfaktuer; en De wizeoantsjutting.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: