Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

In kopiearapparaat, ek wol kopiearmasine, fotokopiearapparaat of kopieartastel, is in apparaat dat brûkt wurdt om ôfbyldings of tekst fan papier te kopiearjen. Dat wurdt fotokopiearjen neamd. It moderne kopiearapparaat is yn wurking besibbe oan de Laser(ljocht)printer.

In kopiearapparaat kin in optysk ôfbyldzjend systeem hawwe, wêrby’t it orizjineel daliks op de elektrysk laden printrôle projektearre wurdt om dêr fierder mei help fan tonerpoeier in byld te generearjen, mar yn moderne kopiearapparaten wurdt meastentiids gebrûk makke fan in aparte skennende tuskenstap, wat it ûnder oare mooglik makket om it byld tusken skennen en printsjen yn digitaal te korrisjearjen, om it kontrast by te stellen ensfh.

In skenner en printer tegearre hawwe deselde funksje as in kopiearapparaat.

In faks is yn wêzen in kopiearapparaat wêrby’t it skennende part en it printsjende part net op itselde plak steane mar oer in dataline meiinoar ferbûn binne.

Skiednis bewurkje seksje

It kopiearapparaat waard útfûn troch James Watt. Hy krige der yn 1781 patint op. It prinsipe fan it ding wie simpel. It oarspronklike dokumint waard mei in sjelatine-eftige inket skreaun. Dêrnei waard it tsjin klam makke kopiearpapier lein en dêrmei tusken twa rôlen parse. De inket fan it orizjineel waard dan troch it kopiearpapier parse sadat it oan de oare kant sichtber waard. Yn it begjin wiene de trochdrukken nochal bleek. Mar ferbetterings yn de brûkte inket smieten bettere resultaten op. Der koene sels meardere ôfdrukken fan 1 orizjineel makke wurde. Yn de 19e iuw ferôvere it kopiearapparaat in fêst plak op it kantoar.

 
Kyocera-kopiearapparaat, printer, skenner en faks

Neidiel wie dat allinnich ‘farske’ dokuminten kopiearre wurde koene. Fan 1840 ôf waard besocht kopyen te meitsjen mei help fan ljochtgefoelich papier. Dat late ta techniken as blueprinting en de Photostat Masine fan Kodak.

De allerearste kopiearmasines wiene de saneamde wietkopiearders. It papier waard yn de masine behannele mei in floeistof, dêr’t it wiet troch út de masine kaam en earst drûgje moast. Dy kopyen wiene ek min te bewarjen. De tekst waard feal, de fellen papier klibben maklik oaninoar, en de kopy waard ûnder ynfloed fan dei- if sinneljocht stadichoan pears.

De earste drûge kopiearmasine is útfûn troch de Amerikaanske abbekaat Chester Carison yn 1937. Neidat syn idee troch in tweintichtal bedriuwen ôfwiisd waard fûn er yn 1944 in kompaan, Haloid, dy’t de technyk fierder mei him stal jaan woe. Carlson neamde it kopiearproses kserografy, fan it Grykske wurd ‘drûch skriuwe’. Letter waard dêr de namme Xerox fan ôflaat. De earste kommersjele kopiearmasines kamen earst yn 1949 op ‘e merk. Dy drûge kopiearmasine wurket op basis fan statyske elektrisiteit.

Wurking bewurkje seksje

 
  • (1) In rôle (drum) – yn heechfolume-apparatuer meast in bân (‘’belt’’) – wurdt foarsjoen fan in elektrostatyske lading.
  • (2, 3) Dan wurdt de rôle beljochte mei in ôfbylding fan it orizjineel. Op de plakken dêr’t ljocht falt lekt de statyske lading fuort.
  • (4) Dêrnei wurdt drûge ‘inket’ (toner), in hiel fyn plestikpoeier) op de rôle brocht, dy’t allinnich op de laden stikken fan de rôle (dy’t dus yn it orizjineel ek donker wiene) troch de elektrostatyske oanlûkingskrêft ‘klibjen’ bliuwt.
  • (5) Dêrnei wurdt in blanko fel papier sterker laden en by de rôle lâns fierd.
  • (6) It papier lûkt de toner fan de rôle oan en sa ûntstiet de kopy. De toner leit dan noch los op it papier.
  • (7) Troch it papier by in waarmteboarne lâns te fieren raant it plestiktoner fêst op it papier en is de úteinlike kopy klear.
  • Boppesteande is allinnich fan tapassing op analoge masines, de hjoeddeistige masines wurkje oars.

De moderne kopiearmasine bewurkje seksje

Om’t de kopiearmasine op’t heden eins in gearstalling is fan in skenner en in laserprinter, is it no gebrûklik dat dy ûnderdielen ek ôfsûnderlik te brûken binne yn kombinaasje mei netwurkfunksjonaliteit. Sa ûntstiet in tastel dêr’t jo net allinnich mei kopiearje kinne, mar ek printsje, dokuminten ferstjoere, dokuminten digitalisearje (skenne) en fakse. Sa’n apparaat wurdt multyfunksjonele printer of koartwei MFP of ek wol ’’multyfunctional’’ neamd.

Sa’n MFP hat in knappe fêste skiif oan board. Dêr wurde skende en te printsjen dokuminten op opslein. In gewoane MFP bewarret tûzenen dokuminten. As de MFP ynruile wurdt, bliuwe dy dokuminten op de fêste skiif stean. In nije eigner kin dy dokuminten mei in PC en de krekte software allegearre sjen. Dat wurdt de lêste tiid hieltyd mear as brek yn de feilichheid ûnderkend. Leveransiers ynstallearje wolris spesjale software om opsleine dokuminten te ferskoatteljen mar dat dogge se net allegearre. Der binne lykwols ek MFP’s sûnder fêste skiif. Dokuminten dy’t skend binne wurde dan opslein op de PC dy’t mei it apparaat ferbûn is. As der e-postadressen op de MFP ynfierd wurde kinne, kinne dokuminten ek streekrjocht fan de MFP ôf nei de e-postboksen fan yn it netwurk opnommen PC’s stjoerd wurde. Dy komme dan as taheakke by in e-post oan de brûkers fan de PC’s oan, sadat hja dy dan op harren PC of in netwurklokaasje opslaan kinne. Dat is folle feiliger as de dokuminten op de MFP opslaan, omdat by it ynruiljen fan de MFP dan gjin dokuminten mear útlêzen wurde kinne troch nije gebrûkers.

Eksterne keppeling bewurkje seksje