Kornelis Hendrikus Elleboogius

Kornelis Hendrikus Elleboogius (Elleboog) (Skiermûntseach, 16031701) wie in Frysk grifformeard teolooch.

Kornelis Hendrikus Elleboogius

Elleboogius studearre tusken 1642 en 1644 oan de Universiteit fan Frjentsjer ûnder Johannes Maccovius. Nei it ferstjerren fan Maccovius gie er nei Utert dêr't er by Gisbertus Voetius fierder learde. Simon Oomius and Petrus fan Maastricht wiene klasgenoaten fan him. Mei dy neifolgers fan Voetius wurdt Elleboogius beskôge as in minder bekende fertsjintwurdiger fan de Neiere Reformaasje. Fan Elleboogius en Voetius waard sein dat se "altyd byinoar" wiene.

Doe't it him net slagge om Anna Maria van Schurman, dy't er leaf hie, safier te krijen dat se it piëtisme fan Jean de Labadie losliet, ferfear Elleboogius nei Skotlân dêr't er bûtengewoan heechlearaar teology waard oan de Universiteit fan Aberdeen.

Yn syn geskriften lit Elleboogius in grutte kennis fan it rabbinaal Hebriuwsk sjen, wylst er pleite tsjin de teoryen fan Thomas Gataker en Louis Cappel, dy't net hawwe woene dat de Hebriuwske wurdlûdtekens in oarspronklik ûnderdiel fan it Hebriuwsk wiene. Fierders wied er in oanhinger fan it idee fan 'e syngroane kontinginsje yn it ramt fan de herfoarme otterdoksy en it skotisme (de lear fan John Duns Scotus). Hy liet ferskate akademyske disputen nei en joech yn syn Huwelijks-Verbond en Borgtocht (1678) kommintaar op it Heechliet.

Resint ûndersyk betwifelet oft Elleboogius wol syn hiele libben troch oan 'e syngroane kontinginsje tawijd bleau. Oan in doktoraal proefskrift mei as titel Scotus Enervatus: Non habenti aufertur quod videbatur habere (1693) heakke syn jongere broer Frederik Willem Pieter Elleboogius nammentlik in opdracht oan K.H. Elleboogius ta, wêryn't hy (F.W.P. Elleboogius) "krekt as syn broer derop wiist dat Scotus syn ideeën oer kontinginsje net safolle ferskilden fan dy fan Thomas [Aquinas]".[1]

Publikaasjes bewurkje seksje

  • Van Hoofd tot Voet, want ook het Ligehaam is Niet een Lid: I Corinthie XII.xvi-xxiii verklaart en vergeestelykt door C. H. Elleboogius (Frjentsjer: H. Schouderblad, 1667)
  • Beenderen naderen: Een geestelijke Verklaring van Ezechiel XXXVII (Franecker: H. Schouderblad, 1671)
  • Huwelijks-Verbond en Borgtocht: Een Verklaring van het Hooglied van Salomo (Franecker: P. Wenkbrauw, 1678)
  • Disputatio theologica vigesima secunda: De possibilia infinita (Ljouwert: Theophilus Schenkel, 1678)
  • The Heavenlie Promise of Abundant Comeliness for Uncomelie Partes in XLIIII most Spirituall Sermons upon the Text of I. Cor. XII, oersetter Jaap Huidekoper (Londen: B. Wrister, 1682)
  • De eoconomiae architecturalis spiritualisque ss. Templo; a tabernaculo Mosis ad visiones Ezechelitae de novissimis, libri quinque, 2 vols. (Leien: Pieter Trommelvlies, 1683-1689)
  • Disputationes de Tetragrammato, sive de tribus Elohim, libri tres (Aberdeen: Impensis Huberti Blagravii Bibliopol., 1689)
  • Disputationes theologicae in quinque libris digesta (Ljouwert: Theo Beenderhuis, 1710)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Quaedtvlieg, Godfried, Mylius on Elleboogius: A Fatal Misinterpretation, yn: Ballor, Jordan; Sytsma, David; en Zuidema, Jason, Church and School in Early Modern Protestantism: Studies in Honor of Richard A. Muller on the Maturation of a Theological Tradition, Leiden, 2013 (Brill), s. 653n1.