In korrektor of korrektrise is immen dy't foar syn of har berop printkladden neisjocht om 'e eventuële flaters dy't troch oaren oer de holle sjoen binne, derút te heljen. Foarhinne kaam it wurk fan korrektor in soad foar, mei't eltse krante en elts tydskrift ien of mear fan sokken yn 'e tsjinst hiene. Troch it ynfieren fan 'e staveringshifker yn tekstferwurkingsprogramma's op 'e kompjûter yn kombinaasje mei de oandriuw om te besunigjen fanwegen it belúnjen fan it tal lêzers, binne korrektors sûnt 2000 by hast alle kranten en tydskriften ferdwûn. Tsjintwurdich meitsje suver allinnich útjouwerijen noch gebrûk fan 'e tsjinsten fan korrektors, dy't dêr faak op in freelance-basis en/of yn dieltiid wurkje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Haan, Rienk, en Sijens, Hindrik (û. red. f.), Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy/Afûk), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 994.