Kraaiekening (Lakota: Kȟaŋǧí Yátapi, útspr.: [kˣã'ʁi: ja:'tapi] (eins "Brânende Medisynbondel" of "Ferbrân-de-Medisynbondel"); Ingelske namme: Crow King; ? – 5 april 1884) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

Kraaiekening
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kȟaŋǧí Yátapi
oare namme Crow King
berne 18??
stoarn 5 april 1884
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Hûnkpapa
jierren aktyf 18?? – 1884
Kraaiekening.

Libben bewurkje seksje

Hy wie in oarlochslieder te'n tide fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en in opperhaad ûnder Sittende Bolle. Yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten, fierde Kraaiekening tachtich krigers oan tsjin 'e fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dy't laat waarden troch luitenant-kolonel George Armstrong Custer sels. Dêrby wurke er nau gear mei de opperhaden Mâl Hynder en Gal om Custer op Finley Ridge yn te sluten.

Kraaiekening stoar op 5 april 1884, neffens in berjocht yn 'e krante de Bismarck Tribune, oan quick consumption ("flugge tarring") feroarsake troch in lange ferkâldenens (dus longûntstekking?). Him waard neffens de roomske rituëlen it lêste sakramint tatsjinne. Wêr't syn grêf wie, is ûnbekend. Hy hie twa jonge dochters: Wezeling (Hiŋtuŋ Kasan, doopt Mary Laura Crow King, 1876-1889) en Read Hartejong (Tiŋgle Škaluta, doopt Emma Crow King, 1880-?).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.