De Kris is de tradisjonele twasnijende Javaanske dolk mei in weagjend lims. Yn it westen binne de krissen fral ferneamd om't op Java lang oererve krissen hieltyd noch beskôge wurde as foarwerpen mei in protte kesakten, in soarte fan magyske enerzjy dy't foarkomt yn parten fan it minsklik lichem en yn bisten, planten en libbenleaze dingen. Spesjaal krêftich soenen de krissen wêze dy't makke binne fan metaal út de meteoryt dy't yn 1749 yn Prambanan delkaam.

In kris fan Yogjakarta ( Java)

In kris mei net kocht wurde. Hy moat as presint oangien wurde.

It wapen wurdt ek oansprutsen mei kyai; ki betsjut 'pake'.

Literatuer bewurkje seksje

  • David van Duuren, De kris; een aardse benadering van een kosmisch symbool. Amsterdam: KIT Publishers, 1996. ISBN 90-6832-262-1
  • David van Duuren, Krissen: een beredeneerde bibliografie. Amsterdam: KIT Publishers, 1998. ISBN 90-6832-276-1
  • Amy Wassing, De kris: bewierookt, gekoesterd, gevreesd. Delft: Gemeente Musea Delft, 2006

Keppeling om utens bewurkje seksje