In kruirêd of kruitsjil wurdt op wynmoles brûkt om it geflecht op de wyn te kruien. It kruirêd bestiet út in oantal speaken, wêrfan twa trochgeande speaken healshout, krúslings troch de kop fan de munnik stutsen binne. As fersteviging binne oer de speaken twa of trije goarrings fêstsetten. It grutste kruirêd, dat fan De Wachter yn Súdlaren, hat 32 speaken

Kruirêd mei munnik

It kruirêd is op in kruias, de munnik, monteard. De munnik draait yn in rûn gat, dat skean yn de sturtbalke fan de sturt sit. Mei it kruirêd wurdt in keatling, stielkabel of reep (tou) om de munnik wuolle, wêrtroch't de kape fan de mole of de hiele mole (standertmole) draaien giet en sa de wjukken op de wyn setten wurde.

In kruirêd kin ferskate ôfmjittings hawwe. By in grut kruirêd sitte der yn de hoeke fan de speaken en de bûtenste goarring rinklossen, wêrtroch't yn it kruirêd rûn wurde kin en sa ek it eigen gewicht fan de mûnder meiwurket by it kruien.

In kruihispel bestiet meastal út fjouwer oant seis speaken en sit de gording sawat healwei de speaken, wylst in wynkoppel inkeld bestiet út twa efterinoar stutsen, trochgeande speaken.

Fotogalerij bewurkje seksje