Krummhörn is in gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen mei in oerflak fan 159 kante kilometer. Bestjoerlik heart de gemeente by it distrikt Aurich. Krummhörn leit yn East-Fryslân. De gemeente hat sa'n 13.053 ynwenners.

Gemeente Krummhörn yn it distrikt Aurich
Wapen fan Krummhörn
Kaart fan Krummhorn

Histoarysk-geografysk is it gea tusken Greetsiel en Oldersum bekend as Krummhörn. Dat betsjut dat de krite de hjoeddeiske gemeenten Krummhörn, Hinte, Emden en parten fan Moormerland omfiemet.

Skiednis bewurkje seksje

De gemeente Krummhörn is yn 1972 ûntstien út in gemeentlike weryndieling; 19 ûnôfhinklike gemeenten binne doe gearfoege.

Namme bewurkje seksje

De namme Krummhörn betsjut krûme hoeke (Krûmharne).

Polityk bewurkje seksje

Gemeenteried bewurkje seksje

De gemeenteried bestiet út 31 sitten, plus de sit foar de keazen boargemaster, dy't ek riedslid is. Gearstalling:

 
Gemaal yn Greetsiel
Partij Sitten
SPD 17
CDU/fbl 7
RFK/KLG 5
Unôfhinklike leden 2
Boargemaster 1 (fan rjochtswegen)

(Boarne: riedsferkiezings 9 septimber 2001)

Bestjoerlik yndieling bewurkje seksje

De gemeente Krummhörn bestiet út 19 doarpen:

Ferneamde persoanen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje