Ksenofontos-kleaster

It Ksenofontos-kleaster (Gryksk: Μονή Ξενοφώντος) is in otterdoksk-kristlik kleaster yn de monastike steat fan de Berch Atos yn Grikelân. It kleaster leit oan de westlike kust fan it skiereilân. Yn it kleaster wenje likernôch 30 muontsen, foar de haadsaak Griken.

Ksenofontos-kleaster

Μονή Ξενοφώντος

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting 10e of 11 iuw
offisjele webside
inathos.gr

Skiednis bewurkje seksje

It kleaster waard yn de 10e of 11e iuw stifte en neamd nei de stifter, de earst abt Ksenofon. Fanwegen de gaadlike lizzing oan de kust wie it fakentiden it slachtoffer van oerfallen fan piraten. Under de Turkske besetting koe it kleaster har steande hâlde troch skinkings fan rike Balkanroemenen en twa doarpen dy't troch Roemeenske prinsen oan it kleaster tawiisd wiene.

 
De nije katolikon

Yn de 16e iuw waard it kleaster yn mearderheid bewenne troch slavyske muontsen. De ûndergong fan it kleaster kaam yn de 17e iuw, doe't yn in perioade fan algehiel ferfal fan it monastike libben op Atos it Ksenofontos-kleaster finansjeel oan de grûn rekke troch in syndikaat fan jildwoekerders. In iuw letter waard it kleaster wer nij libben ynblaasd. Yn dy tiid waard in nije katolikon boud, ien fan de grutste op Atos. Doe't de Grykske opstân yn 1821 útbriek tsjin de Turkske revolúsje wie de katolikon krekt foltôge. De âlde katolikon stiet oan de súdlike kant fan it kleaster en is dekorearre mei ier-kristlike symboalen. De kearn fan it gebou giet werom op de 11e iuw, mar der binne lettere tafoegingen. Yn de âlde katolikon stiet in ikonostase út de 17e iuw. De klokketoer stamt út 1864 en de bou boppe de hillige boarne út 1901.

De muontsen fan it koar foarmje ien fan de bêste byzantynske koaren fan it kleastereilân en moat allinne Vatopedy en Gregoriou as echte konkurrinten ferneare.

Yn de bibleteek binne likernôch 300 manuskipten en 4000 printe boeken.

It kleaster is krektlyn restaurearre mei jild fan de Grykske oerheid en de Jeropeeske mienskip.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Osiou Gregoriou monastery