Ksyloaze, ek wol houtsûker (C5H10O5), is in monosacharide mei fiif koalstofatomen en in aldehydekloft. Ksyloaze wurdt fûn yn de embryo's fan de measte ytbere planten. It wie it earst klearmakke fan hout troch Koch yn 1881. Ut ksyloaze wurdt de swietstof ksylitol makke.

De struktuer fan twa ksyloazemolekulen.

Ksyloaze wurdt yn it minsklik lichem net ôfbrutsen, en ûnferoare wer útskieden. Yn de genêskunde wurdt ksyloaze dêrom brûkt foar maachûndersyk en de avesaasje fan de resorpsje (weropnimmen) yn de termen.

Keppeling om utens bewurkje seksje


 
Dit artikel is in stobbe oer skiekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.