Kurt Gerron (Berlyn, 11 maaie 1897Auschwitz, 15 novimber 1944) wie in Dútsk-joadske akteur en filmregisseur.

Kurt Gerron
akteur
Kurt Gerron (rjochts), mei Siegfried Arno (links) as komysk duo op in itensiedersbeurs yn Berlyn (1931)
Kurt Gerron (rjochts), mei Siegfried Arno (links) as komysk duo op in itensiedersbeurs yn Berlyn (1931)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kurt Gerson
nasjonaliteit flagge fan Dútslân Dútsk
berne 11 maaie 1897
berteplak Berlyn
stoarn 15 novimber 1944
stjerplak Auschwitz
jierren aktyf 1920-1944
offisjele webside
(in) IMDb-profyl Gerron
Kurt Gerron, Marcel Krols aas Merijntje Gijzen en A.M. de Jong (film 1936)

Biografy bewurkje seksje

Kurt Gerron kaam út in begoedige Joadske keapljusfamylje yn Berlyn. Gerron wie syn artistenamme, syn wiere namme wie Gerson. Gerron studearre ynearsten genêskunde, mar waard yn 1920 akteur. Hy tsjinne yn de Earste Wrâldoarloch by Ieper, rekke swier ferwûne mei ympotinsje fan gefolgen. Dêrnei hie er as begjinnend studint genêskunde medyske taken. Hy trede op yn films lykas Der blaue Engel mei Marlene Dietrich as tsjinspylster en op it toaniel yn de rol fan Brown (it haad fan de plysje yn Londen) yn de premiêre fan de Dreigroschenoper yn Berlyn yn 1928. Yn dy opera song er de oarspronklike ferzje fan it lettere wrâldferneamde nûmer Die Moritat vom Räuber Mackie Messer (Mack the knife). Kurt Gerron soe yn mear as 70 films spylje.

Gerron krige yn 1933, nei't de nazy's de macht yn Dútslân oernaam hiene, in reis oanbean nei Hollywood, mar hy wegere en bleau yn Europa achter. Hy ferliet Dútslân en reizge earst nei Frankryk en letter nei Nederlân.
Yn de perioade 1933 oant 1940 wurke er oan ferskate Nederlânske films mei. Nei't it Dútske leger Nederlân nei 10 maaie 1940 beset hie, waard er ynternearre yn it Kamp Westerbork foar't er op transport set waard nei it konsintraasjekamp Theresienstadt. Hy fersoarge dêr in kabaret mei de namme The Karussell foar de kampbewenners.

Yn 1944 waard Gerron troch de nazy's frege om in propagandafilm te meitsjen dy't sjen liet hoe humaan it libben yn Theresienstadt wol net wie. Doe't de opname dien wie, moast Kurt Gerron definityf op transport nei Auschwitz. Hy waard fuortendaliks nei oankomst fergast (en dat wylst krekt de dei dêrnei fanwege Reichsfuhrer SS Heinrich Himmler de gaskeamers foar altyd út it wurk set waarden). Gerrons film hie wierskynlik de titel Theresienstadt: Ein Dokumentarfilm aus dem jüdischen Siedlungsgebiet mei de ûndertitel Der Führer schenkt den Juden eine Stadt. De film is wierskynlik nea hielendal foltôge; der binne allinne fragminten fan bekend.

Filmografy bewurkje seksje

Foar in wiidweidige filmografy sjoch Kurt Gerron

Literatuer bewurkje seksje

  • Kathinka Dittrich, Achter het doek – Duitse emigranten in de Nederlandse speelfilm in de jaren dertig (1987) Het Wereldvenster, ISBN 90 293 9853 1
  • Charles Lewinsky, Terugkeer ongewenst, ISBN 978 90 5672 410 8

Keppeling om utens bewurkje seksje