It lânhealrûn is it healrûn mei it heechste persintaazje lân.

It Lânhealrûn

Der binne ferskate manieren wêrop dy omskriuwing útwurkt wurdt:

  1. Dat healrûn, dat fan alle mooglike healrûnen fan de Ierde it healrûn is mei it heechste persintaazje lân.
  2. Fan de grutsirkel mei it grutste ferskil yn persintaazje lân tusken de twa healrûnen, it healrûn mei it measte lân.
  3. It healrûn beheind troch de evener dat it grutste persintaazje lân hat, it noardlik healrûn.

De earste mooglikheid wurdt it meast brûkt as omskriuwing, wylst de twadde de meast-brûkte útwurking is.

Wêr't it lânhealrûn presys leit is net dúdlik, útsein foar de tredde mooglikheid. It is al dúdlik dat Jeropa yn it midden leit, mei dêrom hinne Noard-Amearika en Aazje, útsein fan beide de fierste kusten, mei dêr noch by de dikke "koppen" fan Afrika en Súd-Amearika. Dit jout in healrûn mei likernôch 47% lân. Dat betsjut dat sels op it healrûn mei it heechste persintaazje lân, der hieltyd noch minder lân is as wetter.

Sjoch ek bewurkje seksje