Lânkaartflinter
De lânkaartflinter (Araschnia levana) is in soarte yn it skaai fan 'e lânkaartflinters (Araschnia).
lânkaartflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Araschnia levana | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen bewurkje seksje
De lânkaartflinter is in tige algemiene flinter. Hy is faak te sjen by boskrânen, kapflakten en houtwâlen. It is in swermlustige soarte. Foar 1930 wie dizze flinter in ûngewoane ferskining yn Nederlân.
Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.
Flinter bewurkje seksje
De foarjiergeneraasje sjocht der oars út as de simmergeneraasje. It ferskil sit him bygelyks yn de wjuklingte. Yn 'e maaitiid is dy 16 oant 18 mm; dy fan 'e simmer is 17 oant 21 mm. De ûnderkant fan de flinter fertoant altyd in lânkaartepatroan.
-
Araschnia levana f. prorsa
-
Araschnia levana f. prorsa △
-
Araschnia levana f. levana
-
Araschnia levana f. levana △
Fleantiid bewurkje seksje
De flinter fleant fan mids april oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber. Se fleane foaral tusken 10 july oant 15 augustus. De Lânkaartflinter fleant yn twa generaasjes.
Rûp bewurkje seksje
De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is swart en is bedutsen mei wite spikkels. De toarns fan de rûp binne swart of oranje-giel. De rûp libbet yn lytse groepen byelkoar. Folwoeksen rûpen libje allinnich. De pop oerwinteret hingjend oan in stâle yn in krûdlaach.
De rûp fret de Grutte brânnettel.