L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew is in Kanadeeske tillefyzjefilm út 2017 ûnder rezjy fan John Kent Harrison, mei yn 'e haadrollen Ella Ballentine, Martin Sheen en Sara Botsford. It is it trêde en lêste diel fan in filmtrilogy dy't basearre is op it wrâldferneamde berneboek Anne of Green Gables, fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). De film is in kostúmdrama en jeugdfilm, produsearre troch de filmstudio Breakthrough Entertainment. De plot folget it weesfamke Anne Shirley wylst se opgroeid op it boerespultsje Green Gables op it lanlike Prins Edwardeilân, dêr't se adoptearre is troch de 'e âldere boer Matthew Cuthbert en syn net-troude suster Marilla.

L.M. Montgomery's
Anne of Green Gables:
Fire & Dew
film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur John Kent Harrison
senario Susan Coyne
basearre op Anne of Green Gables
   fan L.M. Montgomery
muzyk Lawrence Shragge
filmstudio Breakthrough Entertainment
distribúsje 9 Story Media Group
Umbrella Entertainment
spilers
haadrollen Ella Ballentine
Martin Sheen
Sara Botsford
byrollen Julia Lalonde
Drew Haytaoglu
Zoe Fraser
Amariah Faulkner
Kate Hennig
Stefani Kimber
skaaimerken
lân/lannen Kanada
direkt op fideo 7 july 2017
foarm lange tillefyzjefilm
sjenre jeugdfilm, kostúmdrama
taal Ingelsk
spyltiid 88 minuten
filmsearje
filmsearje L.M. Montgomery's
   Anne of Green Gables
● foarich diel The Good Stars

Plot bewurkje seksje

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw is Anne Shirley in weesfamke dat oannommen is troch de âldere boer Matthew Cuthbert, in frijfeint, dy't mei syn krektlyk ûntroude suster Marilla op it lytse boerespultsje Green Gables wennet, yn 'e neite fan it (fiktive) doarp Avonlea op it Kanadeeske Prins Edwardeilân. Yn Fire & Dew hat Anne einlings profyt fan har libbene fantasij, dy't har yn it ferline gauris yn 'e swierrichheden brocht, as se koarte ferhalen begjint te skriuwen. Har abrupte ôfbrekken fan har min-ofte-mear-ferkearing mei Gilbert Blythe (sjoch: The Good Stars) hat lykwols op 'e nij ta fijânskip tusken harren beiden laat, ek al binne se oerdúdlik fereale opinoar.

As Anne-en-dy yn 'e heechste klasse fan 'e pleatslike skoalle sitte, biedt de ûnkovinsjonele juffer Stacy oan om har bêste learlingen byles te jaan sadat se fierder leare kinne oan 'e Queen's Academy yn Charlottetown. Dat liket Anne skoan ta, en se fettet fuortendaliks in nije dream op om sels skoaljuffer te wurden. Se wit allinnich net wêr't se har stúdzje fan betelje sil. Thús op Green Gables stelt Marilla har gerêst, troch te sizzen dat sy en Matthew harrensels, doe't se Anne oannommen, dêrmei ferplichte hawwe ta it fersoargjen fan en beteljen foar it bêste ûnderwiis dat der te krijen is. Anne sil dan altyd in profesje hawwe om op werom te fallen, ek as se net trout. In domper op 'e freugde is foar Anne dat har hertsfreondinne Diana Barry net meitinget om in plak oan 'e Queen's Academy; har âldelju fine in fierdere oplieding foar harren dochter net nedich.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei fjouwer oare fammen út Avonlea en twa jonges (ûnder wa Gilbert Blythe) set Anne úteinlik ôf nei Charlottetown, dêr't sy en de oare famkes yn 'e kost geane by frou Periwinkle, in resinte ymmigrante út Yorkshire, dy't in dialekt praat dat se mar kwealk neikomme kinne. Oan 'e Queen's Academy tingje de bern út Avonlea mei de oare studinten nei de Avery Prize, in stúdzjebeurs foar de meast ûnthjittende studint(e). Op 'e nij moat Anne it dêrby fral opnimme tsjin Gilbert Blythe, mar úteinlik docht bliken dat sy de beurs wûn hat, wylst hy, by wize fan treastpriis, in medalje kriget.

Mei de Avery Prize hat Anne de universiteiten om fierder te learen foar it útkiezen, mar priveeswierrichheden bedjerre de boel. Matthew, dy't it al jierren oan it hert hat, giet lichaamlik stadichoan fierder efterút, oant Marilla en hy in feint ynhiere moatte om it boerewurk op Green Gables te dwaan dat Anne foar har ôfreis nei Charlottetown die. Harren sparjild hawwe Matthew en Marilla altyd al op 'e Abbey Bank stean hân, mar der komme almar mear kranteberjochten dat it net goed giet mei dy bank. Marilla trunet har broer oan om harren sparjild earne oars ûnder te bringen, mar Matthew is in gewoantedier en boppedat ek noch sa koppich as wat. Koart nei't Anne ôfstudearre is oan 'e Queen's Academy, lêst Matthew lykwols yn 'e krante dat de Abbey Bank oer de kop gien is, wat betsjut dat hy en Marilla al harren sparjild kwyt binne. Dat is tefolle foar syn hert, en hy falt derhinne en stjert.

Neitiid is der gjin jild mear foar de feint, en Marilla kin harsels ek hieltyd minder rêde, mei't har eagen almar minder wurde. De eachdokter fertelt har dat se ophâlde moat mei lêzen en hantwurkjen as se net hielendal blyn wurde wol. Marilla risselwearet om Green Gables te ferkeapjen, mar Anne beslút har stúdzje oan 'e universiteit ôf te blazen en in baan as skoaljuffer te nimmen yn it doarp Carmody, dêr't de neiste skoalle stiet mei in fakatuere. Se kin dan jûns by Marilla wêze en mei it jild dat se fertsjinnet de feint betelje.

Underwilens is juffer Stacy weromkeard nei Montreal, dêr't se wei kaam, en is Gilbert Blythe yn Avonlea oansteld as skoalmaster. As er lykwols heart fan Anne har swierrichheden, beslút er ynstee skoalmaster yn White Sands te wurden, sadat Anne yn syn stee oan 'e skoalle yn Avonlea stean kin en mear thús wêze kin by Marilla. Dat gebeart is einlings en te'n lêsten genôch foar Anne om 'e rûzje mei Gilbert by te lizzen. Se lit har troch him thúsbringe en praat withoelang mei him, om't se fiif jier fan swijen yn te heljen hawwe. Neitiid besiket Anne it grêf fan Matthew, oan wa't se fertelt dat se no tinkt dat har libben goed útpakke sil.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Anne Shirley Ella Ballentine
Matthew Cuthbert Martin Sheen
Marilla Cuthbert Sara Botsford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Diana Barry Julia Lalonde
Gilbert Blythe Drew Haytaoglu
Ruby Gillis Zoe Fraser
Jane Andrews Amariah Faulkner
Rachel Lynde Kate Hennig
Josie Pye Stefani Kimber
Moody Spurgeon Isaac Kragten
juffer Stacy Natalie Lisinska
frou Periwinkle Wendy Thatcher
dûmny Allen Frank Cox-O'Connell
frou Barry Kate Trotter
Muriel Tannis Burnett
dhr. Williston Riley Gilchrist
bankier Abbey Jim Annan
rektor fan 'e universiteit Michael Hanrahan
dhr. Sadler Sean Cullen
eksaminator Robert Clarke
dokter Sean McCann
eachdokter David Mackett

Produksje bewurkje seksje

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew waard regissearre troch John Kent Harrison nei in senario dat skreaun wie troch Susan Coyne. It is in tillefyzjefilm yn 'e foarm fan in kostúmdrama en jeugdfilm, dy't beasearre is op it lêste trêdepart fan it wrâldferneamde berneboek Anne of Green Gables, fan 'e Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery (1874-1942). De film waard produsearre troch Joan Lambur, Ira Levy, Audrey Velichka, Peter Williamson en L.M. Montgomery har beppesizzer Kate Macdonald Butler foar de studio Breakthrough Entertainment. De filmmuzyk waard fersoarge troch Lawrence Shragge. De film waard op 7 july 2017 op dvd útbrocht en distribuëarre troch 9 Story Media Group en Umbrella Entertainment.

Prizen bewurkje seksje

By de Canadian Screen Awards fan 2018 waard L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste fiksje foar bern of jeugd yn 'e foarm fan in tillefyzjeprogramma of tillefyzjesearje, en bêste senario (Susan Coyne). De film wûn de Canadian Screen Awards yn 'e kategoryen bêste optreden fan in akteur yn in berne- of jeugdfilm (Ella Ballentine) en bêste regisseur fan in berne- of jeugdfilm (John Kent Harrison). Fierders wûn Zoe Fraser yn 2018 in Young Artist Award foar har rol fan Ruby Gillis yn Fire & Dew.

Filmsearje bewurkje seksje

L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: Fire & Dew is it lêste diel fan in filmtrilogy dy't yn 2016 begûn mei de tillefyzjefilm L.M. Montgomery's Anne of Green Gables. It foargeande, middelste diel, L.M. Montgomery's Anne of Green Gables: The Good Stars, waard yn jannewaris 2017 útbrocht.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: