Lake Traverse Yndianereservaat

It Lake Traverse Yndianereservaat (Ingelsk: Lake Traverse Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Sisseton and Wahpeton Sioux Tribe) yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dat justjes útstekt oer de grins fan Noard-Dakota hinne. Ynstee fan syn offisjele namme, Lake Traverse, wurdt it reservaat ek wol koartwei it "Sisseton Reservaat" neamd.

Lake Traverse Yndianereservaat
Lake Traverse Indian Reservation
In (net folsleine) lânkaart fan it reservaat by it foarljochtingssintrum fan it reservaat.
In (net folsleine) lânkaart fan it reservaat by it foarljochtingssintrum fan it reservaat.
polityk
haadplak Agency Village (Súd-Dakota)
stamme Sisseton en Wahpeton
        Sû Stamme
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
 Noard-Dakota
sifers
ynwenners 9.894 (2004)
oerflak 3.754,6 km²
bef.tichth. 2,6 / km²
oar
stifting 1867
tiidsône UTC-6
simmertiid UTC-5
kaart
In (net folsleine) lânkaart fan it reservaat by it foarljochtingssintrum fan it reservaat.
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Lake Traverse is werjûn yn read.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens út 2004 wennen der doe likernôch 9.900 minsken. Doe't de Amerikaanske folkstelling fan 2000 ferrjochte waard, wiene dat der noch goed 10.400, wêrfan't ûngefear in trêdepart oanjoech inkeld Yndiaanske foarâlden te hawwen.

Geografy bewurkje seksje

It Lake Traverse Reservaat leit oan 'e rivieren de Minnesota en de Bois de Sioux en teffens oan 'e Traverse-mar, dêr't it nei ferneamd is; dy trije wetters foarmje yn dy krite mei-inoar de eastgrins fan 'e Dakota's. It reservaat hat in oerflak fan goed 3.750 km², en beslacht it grutste part (mear as 60%) fan Roberts County yn Súd-Dakota, en teffens lytsere hoeken fan 'e Súddakotaanske countys Marshall, Day, Grant en Codington. Yn Noard-Dakota omfettet it reservaat lytse súdlike stripen fan Richland County en Sargent County.

It haadplak fan it reservaat is Agency Village, dêr't û.m. it reservaatbestjoer en it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige binne, al stiet it haadkertier fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme yn 'e stêd Sisseton, in pear km noardliker. It reservaat is fierders opdield yn sân distrikten:

  • Big Coulee (Eastlik Dakota: Iyákaptapi)
  • Buffalo Lake (Eastlik Dakota: Čanowánasapi)
  • Enemy Swim (Eastlik Dakota: Tokániweyapi)
  • Lake Traverse (Eastlik Dakota: Bdeȟdakiŋyaŋ)
  • Long Hollow (Eastlik Dakota: Kaksizahaŋska)
  • Old Agency (Eastlik Dakota: Atéyapiotitani)
  • Veblen (Eastlik Dakota: Heipa)

Skiednis bewurkje seksje

It Lake Traverse Reservaat en de grinzen derfan waarden fêststeld by it Ferdrach fan Lake Traverse, fan 1867, as ûntwyk foar de leden fan 'e Sisseton en Wahpeton-substammen fan 'e Eastlike Dakota dy't nei de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren heitelân yn súdlik Minnesota wei neit it westen ta deportearre wiene. Fan 1884 ôf waard it reservaat op tradisjonele wize bestjoerd, mar ûnder druk fan it Amerikaanske regear en fan kristlike misjonarissen waard yn 1913 in advyskomitee ynsteld, dat as hoekstien fan it reservaatsbestjoer tsjinne oant 1946. Tsjin dy tiid hie de stamme syn regear reorganisearre neffens de betingsten dy't fêstlein wiene yn 'e Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934. Hjoed de dei binne der yn it reservaat, dat bûten it Súddakotaanske steatsferbod op gokken falt, twa grutte kasino's fêstige, it Dakota Magic Casino en it Dakota Sioux Casino, dy't der, mei de stamme-organisaasje sels, de grutste wurkjouwers binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota