Lambert Jacobsz. (Amsterdam, ± 1598 - Ljouwert, 27 juny 1636) wie in minniste dûmny en skilder. Hy is stoarn oan de pest.

Flecht nei Egypte, 1624, Frysk Museum, Ljouwert.
Elisa en Gehasi

Makke yn 1618 in keunstreis nei Itaalje. Sûnt ± 1620 oan 1636 ta tsjinne hy de tsjerklike gemeente fan Ljouwert. Yn 1631 waard him it preekjen ferbean troch de oerheid, omdat er sûnder tastimming fan de stêdsmagistraat in nije Fermanje bouwe litten hie.

Oant 1918 wied er as skilder eins ûnbekend. Yn 1636 wie der in eksposysje fan syn wurk yn Ljouwert en Amsterdam. Der binne sa'n 25 skilderijen (meast bibelske figueren) fan him bekend, de doperske gemeente fan Ljouwert hat trije wurken fan him.
Lambert Jacobsz. hat twa kear troud west. Yn 1620 boaske hy mei Aeghtje Theunisdochter, har heit wie flaaksferkeaper en minniste dûmny yn Ljouwert. (Vondel skreaun in gedicht foar harren brulloft). Yn 1633 troude er mei Hillegont Velius út it Noard-Hollânske Hoarn.

Fan syn memmekant wie hy in pakesizzer fan de bekende minniste lieder Lubbert Gerrits de âldste út Amsterdam. Syn broer Anthony Jacobs., mei as bynamme Roscius, wie dokter en menniste dûmny yn datselde Hoarn. De Hollânske skilder Abraham van den Tempel wie in soan fan Lambert Jacobsz. Wurk fan him hinget yn it Ryksmuseum fan Amsterdam en yn it Frysk Museum.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Lambert Jacobsz..
  • Vrije Fries, XXVIII 1925, side 53-94 (Ljouwert, 1839)
  • Oud Holl. 47 (1930) side 145-157 en 51 (1934) 241-255
  • Katatogus Betinkingstentoanstelling Ljouwert (1936)
  • Menniste Ensyklopedy III side 66 (Scotdale 1957)