In legerkorps of korps (fan it Latynske corpus fia it Frânske corps) is in militêre ienheid of formaasje fan 'e lânmacht en it marinierskorps, dy't bestiet út tusken de 20.000 en 40.000 manskippen. In legerkorps is opboud út twa of mear difyzjes. Twa of mear legerkorpsen foarmje in leger; soks komt fansels inkeld yn kriichsmachten fan tige grutte lannen foar, of yn 'e organisaasje fan militêre bûnsgenoatskippen mei in grut tal lidsteaten, lykas de NATO. Likegoed wurde ek yn dy gefallen sokke bombidige en oergrutte militêre ienheden as legerkorpsen faak inkeld foarme yn tiid fan oarloch. It befel oer in legerkorps is yn 'e regel yn 'e hannen fan in luitenant-generaal.

Standertsymboal brûkt troch de NATO om in legerkorps oan te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and further reading, op dizze side.