Lemniscaat is in Nederlânske útjouwerij, dy't yn 1963 oprjochte waard troch Boele van Hensbroek en fêstige is yn Rotterdam. It bedriuw is neamd nei lemniskaat (∞), it ûneinichheidsteken yn 'e wiskunde.

Lemniscaat
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Rotterdam (Súd-Hollân)
oprjochte 1963
oprjochter Boele van Hensbroek
offisjele webside
www.lemniscaat.nl

Hoewol't de útjouwerij yn 't earstoan benammen wittenskiplike non-fiksje op it mêd fan 'e pedagogyk, de psychology en de filosofy útjoech, is Lemniscaat fral bekend wurden as de útjouwer fan ferneamde berneboeken, lykas Koning van Katoren, fan Jan Terlouw, en Kruistocht in Spijkerbroek, fan Thea Beckman.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: