Lettele is in doarp in de gemeente Dimter yn de provinsje Oerisel. Yn 2017 hie it doarp 605 ynwenners.

Statistyske buert Lettele
Elmerink yn Lettele
Pleats Riete yn Lettele
skuorre fan Riete

Lettele leit op de Letteler es in de streek Sallân, tusken de doarpen Okkenbroek en Schalkhaar oan de Oerdyk en Bathmensewei. Oare plakken yn de omjouwing binnne neist de stêd Dimter: Bathmen, Colmschate en Heeten. Under de himrik fan Lettele falle ek de lytse buorskippen Linde, Zandbelt en Alde Mole, dêr't de nôtmûne De Liuw út 1856 stiet. Oant in gemeentlike weryndieling yn 1999 wie Lettele ien fan de doarpen fan de gemeente Diepenveen.

Lettele leit oan de Europeeske kuierrûte E11, dêr ek wol Marsekreamerpaad of Hannelswei neamd. Dy E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oant de grins Poalen/Litouwen.

Yn Lettele steane in roomske tsjerke, in basisskoalle, in bûtenswimbad en fuotbalfjilden. It is wat befolkingsopbou oanbelanget in frij jong doarp omdat it him troch wenningbou yn de ôfrûne desennia faak útwreidzje kind hat.

Nikolaastsjerke bewurkje seksje

De trijebeukige Nikolaastsjerke waard ûntwurpen troch arsjitekt G. ter Riele en yn 1894 boud oan de Bathmensewei (destiids noch in sânreed) yn Lettele. De neogoatyske toer liket sterk op dy fan Schalkhaar.

Rekreaasje en eveneminten bewurkje seksje

Eveneminten binne it jierlikse peaskefjoer en de jierlikse doarpsmerke, dy't yn it earste wykein fan augustus holden wurdt.

De natoer lûkt in soad kuier- en fytsrekreanten. Yn de bosken fan lângoed Oostermaet direkt beëasten it doarp binne kuierrûtes útsetten. Oan de noardrâne fan dit boskgebiet waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútske besetter in lansearynstallaasje foar V1 'fleanende bommen' boud. Dêrfan binne noch in pear restanten te besichtigjen. [1]

Berne bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside oer it lansearplak by Lettele